Fluch oan:

Barrahus

Yn Barrahus bouwe bewenners sels harren dreamhûs en wenomjouwing. Barrahûs leit yn Middelsee en wurdt in griene buert foar ûndernimmende minsken. In buert foar echte pioniers. Yn Barrahûs lizze diken en selsboukavels net fêst. It ûntwerp is oan de bewenners sels.

 

Sa bepale bewenners sels de grutte en foarm fan de kavel. Krekt as de ôfmjittings, it materiaal en de kleuren fan it hûs. Sels de lizzing fan de dyk stiet net fêst. Alles sûnder rekkening hâlde te hoegen mei wolstânsregels of oare easken dêr’t jo net op sitte te wachtsjen.

 

Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Barrahûs.