Marjan Groot
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Marjan Groot stelt har oan jo foar.
Lokwinske, wat moai dat jim trouwe sille!
Ik bin Marjan Groot, en foar my is der neat moaier as bysûndere en foaral leafdefolle ferhalen fan minsken te hearren en dy op in wichtich momint yn it libben fertelle te meien: op jim troudei!
Myn stúdzjetiid bin ik begûn op de toanielskoalle. Dêr blykte ik te leaf en te aardich te wêzen. Graach sjoch ik de moaie kant fan minsken en dat wie net wat sy sochten, dus rûn myn paad nei in oare oplieding: logopedy. De leukste fakken dy’t ik ûnder dy oplieding hân ha, wienen: hoe stiest foar in groep en presintearrest in moai ferhaal.
Dêr ha ik lang neat mei dien, mar sûnt ik in soad op brulloften kaam mei de trouauto dy’t ik hie, begûn it dochs wer te kribeljen. By de seremoanje waarden de moaiste ferhalen ferteld oer it breidspear, hoe’t sy elkoar kennen leard hawwe en hoe’t sy yn it libben steane. En faak tocht ik dan: wat soe it moai wêze om sels dêr it ferhaal fertelle te meien en der in echte belibbing fan te meitsjen. Op de manier dy’t by dizze minsken past.
No mei ik foar de gemeente Ljouwert nei jim ferhaal harkje en dêr in moaie en foaral passende seremoanje fan meitsje. Mei in laits en miskien ek wol mei in trien, want de drege mominten hoege wy net út de wei te gean.
Graach kom ik by jim thús en yn in ûntspannen petear jouwe wy jim seremoanje foarm. Op jim troudei komt dan alles byinoar en kinne jim weromsjen op in moaie seremoansje, krekt sa’t jim foar eagen hiene.