Lourella Felicia
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Lourella Felicia stelt har oan jo foar.
Even foarstelle
Ik bin Lourella Felicia, mem fan twa folwoeksen bern en beppe fan in enerzjike beppesizzer. Ik bin hikke en tein op it moaie waarme eilân Curaçao. Sûnt 1989 wenje ik yn Fryslân.
Mei yngong fan 1 april 2022 bin ik ien fan de nije trouamtners fan de Gemeente Ljouwert. Dêrneist wurkje ik as konulint Wurk, dêr’t ik minsken begelied rjochting partisipaasje.
Trouwe fyn ik hiel romantysk, moai en hiel serieus. Nettsjinsteande dat ik sels net mear troud bin, fyn ik it binen yn de leafde wol wichtich. Twa minsken dy’t foar elkoar gean wolle en har yn de leafde bine wolle. Neist de Nederlânske taal, praat ik ek Papiamints, Spaansk en in bytsje Ingelsk. Dus jo ûnthjit kin beslist yn ien fan dy talen.
Twa wurdt ien yn de leafde.
Mei in goed lústerjend ear en in waarm hert wol ik in ôfspraak mei jim meitsje. Sa kin ik jim leafdesferhaal, winsken, dreamen en gedachten hearre en der in moaie taspraak fan meitsje. It wurdt in ûnferjitlike dei dêr’t jim leafde ta ien ferraant. Mei in waarme Antilliaanske saus en humor.