Fluch oan:

Untbining

Hawwe jo bern jonger as 18 jier? Dan moatte jo it partnerskip ûntbine. Dat docht de rjochter. In advokaat regelet dit foar jo. Jo meitsje tegearre ôfspraken oer de spullen, de wenning, it jild en de bern. De rjochter moat dy ôfspraken goedkarre.

Binne jo it tegearre iens oer de ûntbining? Dan leverje jo de útspraak (beskikking) fan de rjochtbank binnen 6 moannen yn by de boargerlike stân de gemeente dêr’t it partnerskip registrearre waard. Meastal regelet de advokaat dat foar jo. It partnerskip is pas offisjeel ûntbûn as de gemeente de beskikking ynskreaun hat yn de registers fan de boargerlike stân.

Beëiniging

Hawwe jo gjin bern? En binne jo it mei-inoar iens oer bygelyks it ferdielen fan de spullen, it jild en de wenning? Dan kinne jo it registrearre partnerskip ek beëinigje litte. Dat giet flugger en is minder ûnnedich yngewikkeld as in ûntbining. Jo geane tegearre nei in advokaat of notaris. Dêr litte jo in konventant opmeitsje mei dêryn de makke ôfspraken. De advokaat of notaris stelt in ferklearring op. Dêryn stiet dat it partnerskip beëinige is. Dy ferklearring leveret de advokaat of notaris binnen 3 moannen yn by de boargerlike stân fan de gemeente dêr’t jo it partnerskip registrearre hawwe. It partnerskip is pas offisjeel ûntbûn as de gemeente de ferklearring ynskreaun hat yn de registers fan de boargerlike stân.

Kosten

It ynskriuwen yn de registers fan de boargerlike stân is fergees.