Fluch oan:

Hawwe jo in scootmobyl nedich?

Wenje jo yn in soarchynstelling?

Wenje jo bygelyks yn in ferpleechhûs of in ynstelling foar handicaptesoarch? Betelje jo hjirfoar gjin wenkosten lykas hier, gas, wetter, elektrysk? Freegje in scootmobyl oan by Zorgkantoor Friesland.

Scootmobyl nedich foar wurk of ûnderwiis?

Hawwe jo in scootmobyl nedich om jo wurk goed dwaan te kinnen of ûnderwiis folgje te kinnen? Freegje in scootmobyl oan by it UWV.

Scootmobyl nedich foar oare situaasjes?

Dan kinne jo mooglik in scootmobyl krije út de Wmo wei. Jou hjirfoar in melding troch oan de gemeente Ljouwert.

Hoe jou ik in melding troch?

Jou jo melding digitaal troch (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe giet it fierder?

In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei ûntfangst fan jo melding. De meiwurker wol earst graach mear witte oer jo situaasje. Dat kin troch in telefoanysk petear of in petear by jo thús. Mei-inoar wurdt nei in oplossing socht. De gemeente lit jo binnen 2 wiken nei it petear witte oft jo in scootmobyl krije. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.

 

As der in soad meldingen tagelyk binne, kin it in bytsje langer duorje. Dat lit de gemeente jo dan witte.

Oare mooglike oplossingen

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.