Projekt Prinsetún
De Prinsetún is it griene hert fan de Ljouwerter binnenstêd. It plak foar in kuier, om even op in bankje te sitten. Om yn de simmermoannen fan it skaad fan de beammen te genietsjen of yn de winter de redens ûnder te binen. It is ek it plak dêr’t toeristen harren boat oanlizze.
Oer it projekt
Hoe soargje wy derfoar dat de Prinsetún in noflik plak bliuwt foar al dy ferskillende besikers? Mei behâld fan it grien, it wetter en de moaie âlde beammen? It projekt Prinsetún is bedoeld om dy fraach te beäntwurdzjen. Dat dogge wy net allinnich as gemeente, mar ek tegearre mei jo.
Untwikkelkader Prinsetún
De gemeente hat in ûntwikkelkader makke foar de Prinsetún. Hjiryn stiet hokker funksjes der al yn de Prinsetún binne of hokker funksjes yn de takomst winske binne. Tink bygelyks oan toiletfoarsjennings foar deirekreanten en bettere foarsjennings foar havenpassanten. En wêr kinne dy funksjes realisearre wurde? Yn it ûntwikkelkader stean dus de kânsen en mooglikheden foar de Prinsetún. Hjirmei wol de gemeente goede plannen meitsje. Net alles kinne en wolle wy dwaan yn de Prinsetún, want it is al in hiel moai stedspark en boppedat in beskerme ryksmonumint.
Fragelist oer de Prinsetún
Om derefter te kommen wêrom’t minsken nei de Prinsetún komme en wat se wichtich fine, is der in fragelist opsteld dy’t yn de moannen july 2023 en augustus 2023 ynfolle wurde koe. Hast 700 minsken hawwe dizze list ynfolle en dat hat in soad ynformaasje opsmiten. De Wurkgroep Prinsetún en fertsjintwurdigers fan de gemeente Ljouwert geane hjirmei oan de slach.
Wurkgroep Prinsetún
Oan de ein fan de fragelist koenen belangstellenden har opjaan foar de Wurkgroep Prinsetún. De belangstelling dêrfoar wie grut. Mear as 70 minsken woenen dat graach dwaan. Uteinlik binne der 30 minsken útnûge foar de wurkgroep. Mei-inoar foarmje se in groep brûkers fan de Prinsetún mei ferskaat. Fan omwenners oant studinten, en fan de útbater fan de Koperen Tuin oant de eigeners fan Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
Mei-inoar hawwe se praat oer wat der goed is oan de Prinsetún en wat der better kin. Ek de gemeente sit yn dizze wurkgroep. Positive punten binne bygelyks it grien, de monumintale beammen, de jachthaven en de fiver. Negative punten dy’t neamd waarden, binne ûnder mear (lûds)oerlêst, breklike toiletfoarsjennings, tsjustere plakken en in tekoart oan hoareka.
Boustiennen foar it ûntwikkelkader Prinsetún
Fan al dizze punten is in kânse- en kwaliteitekaart makke. Stedskuierpark de Prinsetún is dêrby ferdield yn ferskillende gebieten, fan de Arendstún ôf oant De Harmonie. En dat is in grutter gebiet as allinnich de Prinsetún. De wurkgroep fynt nammentlik dat ek de Wissesdwinger mei de Arendstún, de Froupoartsdwinger en de Noardersingel kânsen biede. Foar elk gebiet binne de kânsen fertaald yn funksjes en is sjoen wat dat romtlik betsjut.
De Wurkgroep Prinsetún presintearre tiisdei 31 oktober 2023 mei de gemeente de earste ideeën en kânsen. By dizze ynrinsesje koenen oanwêzigen reagearje op de ideeën. Nei ôfrin wienen de plannen ek digitaal yn te sjen.
De gemeente hat op grûn fan de feedback en de kânse- en kwaliteitekaart in konsept ûntwikkelkader opsteld. Dêr stean funksjonele en romtlike foarstellen yn. Dit konsept is besprutsen troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Yn novimber nimt de gemeenteried in beslút. It ûntwikkelkader foarmet de basis foar de útfiering fan de plannen foar de Prinsetún foar de kommende jierren.
Untwikkelkader leit op ynsjen
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat besletten it ‘Konsept Untwikkelkader Prinsetún’ op ynsjen te lizzen. Dat betsjut dat elkenien yn dizze perioade in reaksje jaan kin op de plannen. Op grûn fan de reaksjes wurdt it ûntwikkelkader dêr’t dat nedich is noch oanpast. Dêrnei wurdt it yn novimber oanbean oan de gemeenteried. Dêr sit dan ek in notysje by oer it ferfolchproses.
Wannear kinne jo it ûntwikkelkader ynsjen?
Plannen lizze meastal 6 wiken op ynsjen. Mar yn ferbân mei de oankommende simmerfakânsje is besletten om dat yn dit gefal wat rommer te nimmen. It konsept ûntwikkelkader leit tusken 4 july en 26 septimber 2024 op ynsjen yn it gemeentehûs.
Foarriedige planning
4 july oant en mei 26 septimber Untwikkelkader leit op ynsjen
Oktober: Eventuele oanpassingen oan it konsept ûntwikkelkader
Novimber: It kolleezje fan boargemaster en wethâlders freget oan de gemeenteried om der in beslút oer te nimmen.
Reagearje op it konsept ûntwikkelkader Prinsetún
Jo kinne yn dizze perioade offisjeel oanjaan wat jo wol goed fine en wat jo net goed fine oan it konsept ûntwikkelkader. Dat hjit in sjenswize yntsjinje. De gemeente sammelet alle reaksjes, reagearret dêrop en stjoert dy mei nei de gemeenteried yn novimber. Sa kin de gemeenteried alle reaksjes meinimme yn syn beslút.
Nijsbrief
Wolle jo op de hichte bliuwe fan it projekt Prinsetún? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief.
Hjirûnder fine jo de nijsbrieven dy’t al ferskynd binne:
Fragen?
Stjoer in e-mail nei Prinsentuin@leeuwarden.nl.