Fluch oan:

Wêrom in auto-earm gebiet?

De binnenstêd wie hiel lang it plak dêr’t wy foaral kamen om te winkeljen. De lêste jierren wurdt it sintrum hieltyd mear in gebiet dêr’t wy graach (in skoftsje) binne: in ferbliuwsgebiet.

In soad bewenners en ûndernimmers fine it dêrom noflik as der net tefolle ferkear is yn de binnenstêd. Dêrom hat de gemeente Ljouwert it noardwestlike part fan de binnenstêd auto-earm makke.

De kommende jierren nimt de gemeente ek oare maatregels om de binnenstêd oantrekliker, feiliger en leefberder te meitsjen.

Ynrydûntheffing oanfreegje, wizigje of opsizze

Binne jo fêstige yn it auto-earme gebiet, of moatte jo yn dit gebiet wêze mei in reau? Dan hawwe jo in ynrydûntheffing nedich. Mear ynformaasje fine jo op de pagina ‘Ynrydûntheffing auto-earme binnenstêd’.

Let op: mei in ynrydûntheffing meie jo allinnich lade en losse, jo meie der net parkeare.

Kamera’s yn auto-earm gebiet

Yn it auto-earme gebiet yn ’e binnenstêd komme kamera’s te hingjen. Sadree’t dy yn gebrûk binne, hâlde de ferkearsregelers op mei harren wurksumheden. De kamera’s registrearje it ferkear (foertugen mei in motor) dat it auto-earme gebiet ynrydt fia de Monnikemuorrestrjitte, Woartelhaven, Minnemastrjitte, Grutte Heechstrjitte en Grutte Tsjerkstrjitte. De kamera’s wurde oanbestege en as alles neffens plan ferrint, wurde se noch dit jier pleatst.

Mear grien

De Woartelhaven, Iewâl en it Gûveneursplein krije mear grien. Ein ferline jier is in sketsûntwerp oan ’e omjouwing presintearre. Dat ûntwerp wurdt no fierder útwurke. Ek wurdt de kommende perioade besjoen hoe’t de planning fan dizze wurksumheden derút komt te sjen.

Fragen of mear ynformaasje?

Stjoer in e-mail nei autoluwebinnenstad@leeuwarden.nl.