Fluch oan:

Ynkeapjen fan ûndersteuning mei in PGB

Yn ús PGB Ynformaasjefolder kinne jo mear lêze oer de betingsten en regels foar it ynkeapjen fan ûndersteuning mei in PGB. De 10 punten PGB feardigens helpe jo om nei te gean oft jo sels ûndersteuning mei in PGB ynkeapje kinne. It PGB budzjetplan is it plan dat jo ynfulle as jo yn oanmerking komme foar ûndersteuning fanút de Wmo of Jeugdwet en jo ek echt ûndersteuning fia in PGB ynkeapje wolle. Wolle jo formele ûndersteuning ynkeapje mei in PGB? Dan moat de soarchoanbieder dy’t jo kieze by de gemeente registrearre stean as formele soarchoanbieder.

Registraasje soarchoanbieder foar formele ûndersteuning

Foardat in soarchoanbieder formele ûndersteuning biede kin, beoardielet de gemeente oft de soarchoanbieder foldocht oan de (kwaliteits)easken. De soarchoanbieder moat him dêrfoar earst by de gemeente registrearje litte as formele ûndersteuner. Hjirfoar fult de soarchoanbieder it registraasjeformulier soarchoanbieder PGB formele ûndersteuning (PDF, 219.68 KB) yn, wêrnei’t dit troch de gemeente beoardiele wurdt.

Yn de ynformaasje foar de soarchoanbieder (PDF, 158.85 KB) lêze jo mear oer dizze registraasje. Of lês it dokumint faakstelde fragen registraasje soarchoanbieders (PDF, 189.03 KB).

Ien fan de kwaliteitseasken is dat de soarchoanbieder oantoane kin dat hy beskikt oer de kennis en feardichheden dy’t nedich binne foar de ûndersteuning. Dit kin mei in by de ûndersteuning passend diploma of in ûnderfiningssertifikaat.

Wa is de budzjetbehearder?

De persoan dy’t de ûndersteuning krijt neame wy de budzjethâlder. De budzjetbehearder is de persoan dy’t (ein)ferantwurdlik is foar it útfieren fan alle taken dy’t hearre by in PGB. Dit kinne jo as budzjethâlder sels wêze. Slagget it net om alle PGB-taken sels út te fieren? Dan kinne jo immen oars as fertsjintwurdiger freegje it budzjetbehear foar jo te dwaan. Mei it machtingsformulier fertsjintwurdiger machtigje jo in fertsjintwurdiger om de rol fan budzjetbehearder út te fieren. Fult it formulier yn en stjoer it mei jo PGB budzjetplan nei jo kontaktpersoan.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Foar mear ynformaasje oer ûndersteuning út de Wmo wei, kinne jo ek lânsgean by de Buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.