Undersyk, sifers en data
De gemeente fiert ûndersiken út, sammelet, bewurket en analysearret gegevens en makket rapportaazjes. Dêrmei wurdt in bydrage levere oan gemeentlik belied en management dat basearre is op kennis en ynsicht. Statistyske gegevens en ûndersyksgegevens – dy’t net op dizze website te finen binne – binne digitaal op te freegjen troch bygelyks ynwenners, ûndernimmers, studinten en ynstellings.
Feiten, sifers en ûndersiken
In soad gegevens binne te finen op Ljouwert yn Sifers. Tink hjirby oan befolkingsgegevens en sifers oer de wenningen. In oantal foarbylden fan gegevens dy’t te finen binne fia Ljouwert yn sifers:
- Befolkingspiramide
- Boargerlike steat nei âldens en geslacht
- Tal ferhuzingen fan de Binnenstêd nei oare wiken
- Learlinge- en studinteoantallen
Mear feiten, sifers en ûndersiken
Der binne ferskillende boarnen dêr’t jo ynformaasje oer feiten, sifers en ûndersiken fine kinne. Dy boarnen binne ferdield yn boarnen foar allinnich data fan de gemeente Ljouwert en data út lanlike boarnen.
Gemeente Ljouwert:
- Feiligensprestaasje-yndeks
- Ynsicht yn de feiligenssituaasje fan Ljouwert en har wiken.
- Sosjale Yndeks
- Ynsicht yn de sosjale steat fan jo wyk.
- Jeugdmonitor
- Ynsicht yn ‘de steat’ fan de jeugd yn Ljouwert.
- Earmoedmonitor
- Ynsicht yn de omfang en gearstalling fan de earmoedproblematyk.
- Wykenkêtes
- De gemeente Ljouwert hâldt jierliks in grut ûndersyk troch de wei fan in fragelist ûnder har eigen ynwenners. Elk jier leit it aksint op oare fragen. De útkomsten fan de ûndersiken binne te finen op Ljouwert yn sifers, bygelyks ûnder it kopke Publisearre rapporten.
Lanlike boarnen:
- Waarstaatjegemeente.nl
- It fergelykjen fan gemeentlike prestaasjes mei ferskate oare gemeenten.
- LISA
- Gearstalling wurkgelegenheid.
- CBS StatLine
- Algemiene statistyske ynformaasje oer gemeenten fia tema’s Nederlân regionaal.
- Klimaatmonitor
- Ynformaasje oer duorsumenssifers.
Oare data:
Binne jo op ’e syk nei data dy’t jo yn de boppeneamde boarnen net fine kinne, dan kinne jo in mail stjoere nei statistiek@leeuwarden.nl. Ek foar fragen, útlis of in ekstra taljochting soene jo dit mailadres brûke kinne.
Iepen Data
Om ús wurk sa goed mooglik dwaan te kinnen, sammelje wy as gemeente Ljouwert gegevens. Dy kinne ek weardefol en nijsgjirrich wêze foar oaren, lykas bewenners, bedriuwen, organisaasjes, sjoernalisten en ûndersikers.
Wy stelle dêrom gegevens safolle mooglik beskikber yn ús eigen:
Dizze gegevens wurde sûnder beheinende betingsten foar wergebrûk troch tredden frijjûn. Oare (eksterne) boarnen fan Iepen Data binne:
Sels meidwaan oan ûndersiken?
Jo kinne in bydrage leverje oan it wen- en leefklimaat fan de gemeente Ljouwert troch mei te dwaan mei it Digitaal Boargerpanel Ljouwert.