Nammekar fan jo bern
As âlden meie jo kieze hokker efternamme jo earste (Nederlânske) bern krijt. Jo namme of de efternamme fan jo partner, en fan 2024 ôf kinne jo ek kieze foar in kombinaasje fan beide nammen (dûbele efternamme). Jo kieze fóár de berte of by de berteoanjefte. Meitsje hjirfoar in ôfspraak.
Der binne ferskillende karren
Allinnich by jo earste bern kinne jo de efternamme kieze. Krije jo dêrnei mear bern út dyselde relaasje? Dan krije sy deselde efternamme as jo earste bern. By it kiezen fan de efternamme binne der ferskillende mooglikheden:
Jo binne troud
- It bern krijt de efternamme fan de heit.
- Wolle jo dat it bern de efternamme fan de (duo)mem of in dûbele efternamme krijt? Dan lizze jo tegearre in ferklearring ôf by de boargerlike stân. Meitsje hjirfoar in ôfspraak en nim jim legitimaasjebewizen mei.
Jo binne net troud
- It bern krijt de efternamme fan de mem.
- Wolle jo dat it bern de efternamme fan de heit of in dûbele efternamme krijt? Dan moat de heit it bern erkenne. Erkenne kin foar de berte of nei de berte fan it bern. By de erkenning kinne jo de efternamme kieze; dêrfoar komme jim tegearre lâns en nimme jim jim legitimaasjebewizen mei.
Jo bern is berne yn it bûtenlân
Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Dûbele efternamme bern
Jo kinne ek foar in dûbele efternamme kieze foar jo bern dat op of nei 1 jannewaris 2024 berne wurdt. Jo kinne dan kieze foar de efternamme fan de mem, dy fan de oare âlder of in kombinaasje fan dy 2 efternammen. Jim komme hjirfoar tegearre lâns en nimme jim legitimaasjebewizen mei. Sjoch foar mear ynformaasje op de website fan De Ryksoerheid.
No yn ferwachting fan jo earste bern? Is jo bern berne yn 2023, 2024 of al erkend?
Binne jo yn ferwachting yn 2023 en wurdt jo bern (miskien) yn 2024 berne? En wolle jo in dûbele efternamme foar jo bern? Dan kinne jo oan de ein fan 2023 ta twa efternammen kieze: in dûbele namme as jo bern yn 2024 berne wurdt en in inkele namme by berte yn 2023.
Hoe wurket it?
By de erkenning kinne jo dan kieze foar de efternamme fan de iene of de oare âlder en tagelyk kinne jo ek kieze foar in dûbele efternamme. Beide karren lizze wy dan fêst. Meitsje hjirfoar in ôfspraak. Binne jo troud of hawwe jo in registrearre partnerskip en ferwachtsje jo jo earste bern? Ek dan kinne jo al lânskomme en in dûbele efternamme foar jo bern fêstlizze.
Jo bern wurdt berne yn 2023
Wurdt jo bern yn 2023 berne? Dan krijt it de troch jo keazen inkele efternamme. Jo kinne dan yn 2024 noch wol gebrûk meitsje fan de tydlike regeling.
Jo bern wurdt berne yn 2024
Wurdt jo bern yn 2024 berne? Dan krijt it de troch jo keazen dûbele efternamme.
Jo bern al erkend
Hawwe jo jo net-berne bern yn 2023 erkend en koene jo doe noch net kieze foar de dûbele efternamme? En wurdt jo bern yn 2024 berne? Jo kinne dan allinnich noch by de oanjefte fan berte kieze foar de dûbele efternamme. Beide âlden komme dan mei nei de oanjefte.
Tydlike regeling foar al berne bern
Is jo âldste bern berne op of nei 1 jannewaris 2016? En wolle jo dat jo bern in kombinaasje fan de efternammen fan beide âlden as efternamme krijt/krije? Fan 1 jannewaris oant en mei 31 desimber 2024 jildt ek in tydlike regeling.
Hoe wurket it?
Om de dûbele efternamme foar jo bern fêst te lizzen komme jo tegearre nei Boargersaken. Jo meitsje hjirfoar in ôfspraak In soad âlden wolle nei alle gedachten de dûbele efternamme foar harren bern. Hâld der rekken mei dat jo soms lang wachtsje moatte foar’t jo oan bar binne. Wichtich is dat jo de kar yn 2024 fêstlizze by de gemeente. Dêrnei kin it net mear. Wy soargje derfoar dat jo allegearre oan bar komme, ek al kin dat soms in setsje duorje.
Nij identiteitsbewiis foar jo bern oanfreegje
Feroaret de efternamme fan jo bern en hat jo bern in eigen identiteitsbewiis? Dan freegje jo dy op ’e nij oan. Dit kostet jo jild.
Kosten
Nammekar is fergees, behalve as jo gebrûk meitsje fan de tydlike regeling.
Dûbele efternamme:
- It earste bern € 75,-.
- Elk folgjende bern € 50,-.