Fluch oan:

Mobiliteit yn de takomst

Wat is de rol fan de auto, it iepenbier ferfier of dielferfier yn de takomst fan Gemeente Ljouwert? Hoefolle romte krijt in fytser of fuotgonger? En wat betsjut dit foar de auto, it parkearen en it grien? Dat binne allegear ûnderwerpen dêr’t jo deistich mei te krijen hawwe. Yn it ramt hjirfan is in ûndersyk útfierd nei de mooglike ynfiering fan in nul-emisjesône. Nul-emisjesônes stimulearje binnenstêdûndernimmers en de logistike sektor om oer te skeakeljen nei duorsumere foertugen, it ferminderjen fan hinder troch útstjit, stank en gelûd, en drage by oan in noflike en oantreklike binnenstêd.

Ynwenners tinke mei

As ynwenner fan de gemeente Ljouwert hawwe jo yn 2023 in fragelist ynfolje kinnen oer wat jo wichtich fine op it mêd fan ferkear en ferfier. Goed 1.000 ynwenners hawwe de fragelist ynfolle. Op 27, 28 en 30 novimber 2023 wiene der mobiliteitskafee’s dêr’t ynwenners ynformaasje krigen en fragen stelle koene. Ek hawwe wy ûndersyk en analyzes útfierd. De útkomsten binne ferwurke yn 7 útgongspunten. Dêrby stiet leefkwaliteit sintraal.

De 7 útgongspunten

  1. Elk doarp wurdt ferbûn mei in trochfytsrûte, regionaal OV, en der komt in P&R oan de stedsring.
  2. 30 kilometer yn ’e oere wurdt de standert yn bewenne gebiet. Kuierders en fytsers krije foarrang.
  3. De stedsring wurdt better oerstekber. Trochgeand ferkear giet fia de Heak om Ljouwert.
  4. It sintrum fan Ljouwert krijt mear ferbliuwskwaliteit. Kuierjen stiet dêr op it earste plak. Fan de stedsring ôf giest nei de parkeargaraazjes yn it sintrum. De stedsring wurdt hjirmei in Parkearring.
  5. De binnenstêd wurdt griener: strjitteparkearen giet hieltyd mear nei parkeargaraazjes en P&R-hubs. Sa krijt it sintrum mear romte foar grien, kuierjen, moetsjen en fytsparkearen (parkearen foar ynvaliden en lade/losse bliuwt wol).
  6. De wiken en doarpen wurde griener mei minder parkearhinder mei tank oan parkearbelied en wykhubs.
  7. Romtlike ynwreiding binnen bewenne gebiet helpt duorsume mobiliteit.

By de mobiliteitskafees waard in presintaasje (PDF, 8.83 MB) holden oer de 7 útgongspunten. De perioade dat it beliedskader ynsjoen wurde koe rûn fan tongersdei 25 april oant en mei tongersdei 5 juny.

Nul-emisjesône

In nul-emisjesône is in part fan de stêd dêr’t allinnich bestel- en frachtweinen wolkom binne as sy op elektrisiteit of wetterstof ride. Royal HaskoningDHV hat foar gemeente Ljouwert in ferkennend ûndersyk útfierd nei de ynfiering fan in nul-emisjesône. It ûndersyk en de ynformearjende brief binne hjirfoar nei de gemeenteried stjoerd en dêr besprutsen.

Ynrinbyienkomst foar ûndernimmers op 11 july

As jo fêstige binne, wurksumheden útfiere of spullen leverje yn de binnenstêd fan Ljouwert dan krije jo yn de takomst mooglik te meitsjen mei de nul-emisjesône. Op 11 july organisearret gemeente Ljouwert hjir in ynrinbyienkomst foar ûndernimmers foar. Jo kinne op dizze byienkomst twa kear in presintaasje oer de plannen bywenje. Foar en nei dizze presintaasje kinne jo jo yndividuele fragen oer jo eigen situaasje stelle oan meiwurkers fan de gemeente en yn gesprek gean oer eventuele soargen, útdagingen en kânsen. En fragen stelle oan meiwurkers fan de gemeente Ljouwert. Op twa mominten op dizze jûn is der in presintaasje oer it nije beliedskader en de 7 útgongspunten.

  • Datum: Tongersdei 11 july.
  • Hoe let: It is in frije ynrinbyienkomst fan 17:00 oant 19:30 oere.
    • Om 17:30 en 18:30 oere wurdt in presintaasje oer de nul-emisjesône en it ûndersyk jûn.
    • Lokaasje: Z-gebou, Saailân 106, 8911 BN Ljouwert

Planning

  • Yn it neijier fan 2024 nimt de gemeente in beslút oer de oankundiging fan in nul-emisjesône. De útkomsten fan de ynrinbyienkomsten nimme wy hjiryn mei as oanfulling op it ûndersyksrapport.
  • As de gemeenteried posityf beslút ta oankundiging fan de nul-emisjesône, dan wurde dizze petearen mei ûndernimmers fuortset.

Nijsbrieven

Bliuw op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen en meld jo oan foar de nijsbrief.

Hawwe jo noch fragen?

Stjoer in e-mail nei mobiliteit@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.