Subsydzje AED-netwurk Ljouwert
De gemeente Ljouwert wol in ‘hertfeilige gemeente’ wêze. Dit betsjut dat it oeral mooglik wêze moat om binnen 6 minuten mei reanimaasje te starten. Hjirfoar is in netwurk fan AED’s en boargerhelpferlieners nedich. Is der in nije AED of bûtenkast nedich? Of wolle jo in reanimaasjekursus of opfriskursus folgje? Freegje dan subsydzje oan.
Wêr kinne jo subsydzje foar oanfreegje?
Jo kinne in fergoeding oanfreegje foar 50% fan de kosten foar in AED, bûtenkast, reanimaasjekursus of ûnderhâld.
Hoefolle subsydzje kinne jo oanfreegje?
Maksimaal € 2.000,-.
Oant wannear oanfreegje?
Jo kinne it hiele jier subsydzje oanfreegje. Binnen 8 wiken nei 15 febrewaris en binnen 8 wiken nei 15 septimber wurdt jo oanfraach beoardiele en ferliend. Op dy manier kin it beskikbere bedrach yn de subsydzjepot ynsetten wurde op dy plakken dêr’t it yn it AED-netwurk it meast nedich is.
Wat binne de betingsten foar de subsydzje?
- De AED melde jo oan by it lanlike netwurk HartslagNu.
- De AED moat binnen de grinzen fan de gemeente Ljouwert pleatst wurde.
- Ek boargerhelpferlieners dy’t fia dizze subsydzje in diel fan de kosten foar in reanimaasjetrening fergoede krije, melde har oan by it lanlike netwurk HartslagNu.
- Boargerhelpferlieners moatte yn de gemeente Ljouwert wenje.
- It ûnderhâld fan de AED regelje jo sels.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier Subsydzjeoanfraach AED-nertwurk opsette (PDF, 144.48 KB) en ful yn. Stjoer it formulier tagelyk mei de offerte op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.