Fluch oan:

Is der in omjouwingsfergunning nedich?

Dit hinget ôf fan it plak fan it bûtenûnderdiel. Jo kontrolearje dit mei de fergunningcheck fan it Omjouwingsloket.

Hoefolle lûd mei in bûtenunit produsearje?

De airco of waarmtepomp mei net mear as 40 desibel oan lûd meitsje op de grins fan jo grûn. Makket it dochs mear gelûd? Dan pleatse jo dit ûnderdiel fierder by jo buorlju wei. Of jo bouwe der bygelyks in omkasting omhinne. De eigener is tegearre mei de ynstallateur ferantwurdlik dat it systeem trochgeand foldocht oan de lûdseasken. De ynstallateur brûkt dêrfoar de rekkentool WPAC fan de Ryksoerheid.

Wolle jo technysk advys op maat foar jo wenning?

Mear ynformaasje fine jo op de webside Duurzaambouwloket.

Fragen of help nedich?

Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de side Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.