Thea Jurina Dijkstra
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Thea Jurina Dijkstra stelt har oan jo foar.
Thea Jurina Dijkstra
Elk houlik, elk partnerskip dat ik slute mei, is foar my in feestje op himsels. Ik begjin dan ek altyd mei it útsprekken fan myn tank dat ik dit wurk dwaan mei.
Hûnderten houliken en partnerskippen mocht ik wilens slute en stik foar stik wienen dy unyk en bysûnder.
Wat my tekenet as persoan en trouamtner is myn passy en leafde foar de minske mei syn persoanlike ferhalen. Goed harkje kinne is dan ek in kearnkwaliteit foar my as babs. Fantastysk fyn ik it as myn taspraak by jim past.
Neist myn wurk foar de gemeente Ljouwert, wurkje is as (ynfal)juf op ferskate basisskoallen. Myn leafde foar de minske kin ik yn beide banen goed kwyt.
Ik wenje krekt bûten de binnenstêd fan Ljouwert. Op de fyts of rinnende-wei bin ik geregeld yn de binnenstêd te finen.
Myn seremoanjes binne meastal yn it Nederlânsk. Mar soms ek yn myn memmetaal Frysk, of yn it Ingelsk of Dútsk.
Mochten jim my kieze as trouamtner, dan stiet persoanlikheid foarop. Ik sil der alles oan dwaan om der in passend, bysûnder momint fan te meitsjen. Lang of koart, wiidweidich of krekt net. It giet derom dat it jím seremoanje is.