Fluch oan:

Oekraïners en fergunninghâlders

Oekraïners

Sy meitsje tydlik gebrûk fan de flekswenningen, dit op grûn fan de Regeling opfang ferballe Oekraïners op de gemeente rêstende publike taak.

Dizze tawizing bart op grûn fan bestjoerlike ôfspraken.

Fergunninghâlders

Sy meitsje tydlik gebrûk fan de flekswenningen húsfeste as tuskentiidske foarsjenning dy’t bean wurdt as ûnderdiel fan de op grûn fan de Húsfestingswet 2014 op de gemeente rêstende taakstelling.

Dizze tawizing fan dizze wenningen bart op grûn fan ôfspraken mei it Sintraal Orgaan opfang Asylsikers (COA).

Spoedsikers

De wenienheden foar spoedsikers binne bedoeld foar de doelgroep út it Beslút spesifike groepen tydlike hieroerienkomst, kêst 1, lid c en f. Om yn oanmerking te kommen foar in wenienheid:

  • Bist troch in needsituaasje mei spoed op syn nei tydlike húsfesting. It giet dan om skieding, gefaarlike thússituaasje of twongen ferkeap fan de keapwenning. It is belangryk datst dat oantoane kinst.
  • Stiest ynskreaun by in wenningkorporaasje yn Fryslân.
  • Dyn húshâldynkommen bedraacht yn 2024 maksimaal bruto € 47.699 (foar in allinnichsteande folwoeksene) of € 52.671 (foar twa folwoeksenen).
  • Hast gjin húsbisten.

As bliken docht dat de wenningen net mear noadich binne om ta te wizen oan Oekraïners en fergunninghâlders, dan kin de gemeente derfoar kieze om de wenningen ta te wizen oan spoedsikers.

Ynformaasje oer de tawizing

  • De tawizing fan flekswenningen oan Oekraïners en fergunninghâlders bart op grûn fan de dêrfoar jildende regelingen.
  • De tawizing fan flekswenningen oan spoedsikers bart op folchoarder fan ynkomst en beskikberens fan in passende flekswenning. Fierder wurdt der beoardiele oft jo oan de kritearia foldogge. Yn needgefallen (tink oan urginsje) kin it foarkomme dat hjirfan ôfwykt wurdt.

Tydlike húsfesting en trochstreaming

De flekswenningen wurde brûkt foar tydlike húsfesting. Hjir is in tydlike omjouwingsfergunning foar ôfjûn. As dizze omjouwingsfergunning ferrint, dan sille de flekswenningen ferwidere wurde moatte.

Foar de Oekraïners wurde de wenningen maksimaal twa jier ferhierd. It is de bedoeling dat sy binnen dizze perioade trochstreame nei in oare wenromte.

 

Kontakt

Nim kontakt op mei CareX Fryslân.