Fluch oan:

Aktueel: Jelsumer en Lytse Feart

Wetterskip Fryslân hat yn it wetter fan de Jelsumer Feart tusken de fleanbasis fan Ljouwert en de Dokkumer Ie in te hege konsintraasje PFAS metten. Hjir kamen sy achter by it plannen fan baggerwurksumheden. Yn it foar mjitte sy ek altyd hoe’t de kwaliteit fan de wetterboaiem is. Nei ferfolchûndersyk blykt dat der ek tefolle PFOS yn it wetter fan de Lytse Feart sit.

Advys fan GGD Fryslân is dêrom om út foarsoarch it wetter út de Jelsumer Feart en de Lytse Feart de kommende tiid net te brûken:

  • Drink net it wetter út de Jelsumer en Lytse Feart.
  • Brûk it wetter út de Jelsumer Feart en de Lytse Feart net foar it besproeien fan grientetunen.
  • Swim net yn de Jelsumer en Lytse Feart.
  • Yt gjin fisk út de Jelsumer en Lytse Feart.

Dit advys jildt foar minsken en foar (hús)dieren. Foar dizze advizen sjocht de GGD nei langduorjend gebrûk fan it wetter. Hawwe jo bygelyks ien kear yn it wetter swommen? Dan is it ekstra sûnensrisiko troch PFAS út de Jelsumer Feart tige lyts.

Op dit stuit is noch ûnfoldwaande dúdlik wat de sûnensrisiko’s krekt binne. Of der echt sûnensrisiko’s binne, hinget fan in soad saken ôf. Ek is neffens de GGD fierder ûndersyk nedich nei de fersprieding.

Advys hinne-aaien

Koartlyn is konstatearre dat (hobby)hinnen dy’t earder wetter dronken hawwe út de Jelsumer Feart en/of Lytse Feart aaien lein hawwe mei hege konsintraasjes PFOS (PFAS). Op grûn fan dizze befiningen is oanfoljend ûndersyk nedich nei de krekte grutte fan fersmoarging fan aaien fan (hobby)hinnen yn it gebiet om de Jelsumer Feart en de Lytse Feart hinne. GGD Fryslân oerleit mominteel mei de gemeente Ljouwert oer dit ferfolchûndersyk en de nedige oanpak. Yn ôfwachting fan dizze ûndersiken skerpet GGD Fryslân it algemiene advys oan: lit jo (hús)dieren gjin wetter drinke út dizze beide fearten en yt gjin aaien fan (hobby)hinnen dy’t mooglik wetter dronken hawwe út de Jelsumer Feart of Lytse Feart.

Gemeente docht ferkennend ûndersyk nei boaiem en grûnwetter

De gemeente lit om de Jelsumer Feart en de Lytse Feart hinne op in pear lokaasjes de boaiem en it grûnwetter ûndersykje, om te sjen oft der ek PFOS yn de grûn sit. Sa kinne wy mei-inoar ynwenners en gebrûkers better ynformearje en advisearje. Dat bart op de perselen dy’t op de kaart Undersykslokaasjes boaiemûndersyk stean.

Dit binne lokaasjes dy’t wy ûndersykje op advys fan de GGD en lokaasjes dy’t troch bewenners oandroegen binne. De ûndersiken duorje inkelde wiken en de earste resultaten ferwachtsje wy mids april. De reden dat dit even duorret, is bygelyks dat de pleatste peilbuizen earst in skoftsje rêste moatte foar’t it wetter bemeunstere wurde kin. Dêrneist binne wy ek ôfhinklik fan de planning fan de ûndersyksburo’s en de laboratoariums.

Fragen en nijs ûntfange oer de Jelsumer en Lytse Feart?

  • Op de webside fan Wetterskip Fryslân stiet alle ynformaasje en it lêste nijs. Hjir kinne jo jo ek oanmelde foar digitale nijsupdates. Ek fine jo hjir in list mei fragen en antwurden. Stiet jo fraach dêr net by? Nim dan kontakt op mei Wetterskip Fryslân. Dat kin fia telefoannûmer 058 292 22 22. Jo kinne ek maile nei info@wetterskipfryslan.nl.
  • Hawwe jo fragen oer sûnens mei PFAS? Nim gerêst kontakt op mei de GGD Fryslân fia telefoannûmer 088 229 92 22 (op wurkdagen tusken 08:30 en 16:30 oere berikber). In mail stjoere nei milieuengezondheid@ggdfryslan.nl kin ek.

Faakstelde fragen ûndersiken Jelsumer en Lytse Feart

Wat ûndersiket de gemeente yn de omjouwing fan de Jelsumer en Lytse Feart?

De gemeente wol ûndersykje oft de fersmoarging fan it oerflaktewetter út de Jelsumer Feart en Lytse Feart ynfloed hat op de oangrinzjende lânboaiem (grûn en grûnwetter). Yn maart en april fan 2024 binne op ferskillende lokaasjes yn de omjouwing fan de Jelsumer Feart en Lytse Feart troch yngenieursburo’s meunsters fan de grûn en it grûnwetter nommen. Foar it ûndersykjen en útlizzen krijt de gemeente advys fan ferskillende eksperts (bygelyks yngenieursburo’s, GGD Fryslân en oare oerheden).

Hokker lokaasjes ûndersiket de gemeente?

It boaiem- en grûnwetterûndersyk bart op lokaasjes dy’t it meast gefoelich binne op advys fan GGD Fryslân. Dêrmei bedoele wy bygelyks grûn dy’t brûkt wurdt foar it ferbouwen fan iten, lykas de folkstunen yn it gebiet en lokaasjes dêr’t in soad rekreëarre wurdt. Ek de stikken grûn oan de Tsjessingawei direkt oan de Jelsumer Feart binne ûndersocht.

Dêrneist binne lokaasjes ûndersocht dy’t foardroegen binne op de bewennersjûn. Dat binne inkele partikuliere stikken grûn en in earder baggerdepot. Ta beslút binne lokaasjes lâns de Lytse Feart ûndersocht dêr’t koarte tiid hekkelspesy op ’e kant lein hat.

Alle ûndersochte lokaasjes kinne jo fine op de kaart Undersykslokaasjes boaiemûndersyk.

Wannear binne de útslaggen bekend fan it boaiem en grûnwetterûndersyk?

De fjildwurksumheden, it nimmen fan de meunsters fan de grûn en it grûnwetter, binne wilens ôfrûne en de gemeente krijt de lêste resultaten hjirfan op koarte termyn. Yn ’e mande mei eksperts wurde dizze resultaten ûndersocht en beoardiele.

Wat betsjutte dizze resultaten foar it gebrûk fan de grûn?

Elke lokaasje wurdt oars brûkt en dat betsjut dat elke lokaasje apart analysearre en beoardiele wurde moat. Dit proses kostet dêrom in soad tiid. De gemeente lit har hjirby advisearje troch eksperts, lykas yngenieursbruo’s, GGD Fryslân, kennisynstituten en saakkundigen fan oare oerheden. Wy ferwachtsje de resultaten meikoarten mei jo diele te kinnen. Dit dogge wy sagau’t dat kin, want wy kinne ús yntinke dat jo hjir ûngeduldich op wachtsje. Nei’t de resultaten analysearre binne kin de gemeente ek bepale oft, hokker en foaral ek wêr’t der fierder ûndersyk nedich is. Dêrfoar binne earst de resultaten fan de útfierde ûndersiken nedich.

Sil de gemeente noch mear boaiem- en grûnwetterûndersyk útfiere?

Nei’t de resultaten fan de útfierde ûndersiken analysearre binne, kin de gemeente ek bepale oft, wêr’t en hokker ûndersyk der fierder nedich is. Dêrfoar hawwe wy earst de ûndersyksresultaten fan de útfierde ûndersiken nedich.

Kin de boaiem en it grûnwetter op myn perseel yn de omjouwing fan de Jelsumer en Lytse Feart ek ûndersocht wurde?

Op ferskate lokaasjes yn de omjouwing fan de Jelsumer Feart en Lytse Feart is de boaiem en it grûnwetter ûndersocht. Sjoch ek de útlis oer de ûndersochte lokaasjes. Oft fierder ûndersyk nedich is, hinget ôf fan de resultaten fan dy ûndersiken. Jo binne as eigener altyd frij om jo eigen perseel ûndersykje te litten.

Sil de gemeente aaien fan partikulieren ûndersykje?

Der is (fergelykjend) ûndersyk nedich nei de krekte oarsaak en grutte fan fersmoarging fan aaien fan (hobby)hinnen yn it gebiet om de Jelsumer Feart en de Lytse Feart hinne. GGD Fryslân en de gemeente Ljouwert hawwe in ekstern yngenieursburo frege dit ûndersyk mei ús út te fieren. By dit ûndersyk sille ek eksperts fan GGD Fryslân belutsen wêze. De ferwachting is dat ynkoarten start wurde kin mei in fergelykjend ûndersyk nei aaien fan oare (hobby)hinnen yn it gebiet. By dit ûndersyk wurdt sjoen oft aaien fan (hobby)hinnen yn dit gebiet mear PFOS (PFAS) befetsje as aaien fan (hobby)hinnen op oare plakken, wat dit betsjut en oft der hjirfoar spesifike oarsaken binne. Oer de start en it ferrin fan dizze ûndersiken sille wy jo yntiids ynformearje. Yn ôfwachting fan dizze ûndersiken bliuwt it advys fan GGD Fryslân ûnferoare.

Oanmelden ynventarisaasje ûndersyk

It yngenieursburo wol begjinne mei in ynventarisaasje Hawwe jo aaien fan hobbyhinnen yn de omjouwing fan de Jelsumer en Lytse Feart dan kinne jo dit melde by de gemeente Ljouwert fia bodem@leeuwarden.nl mei as ûnderwerp ‘hobbyhinne’. Meld dêrby jo adres- en kontaktgegevens en oft jo ynteresse hawwe yn dielname oan it ûndersyk.

Let op: it giet earst om in ynventarisaasje. It yngenieursburo bepaalt dêrnei hokker lokaasjes en aaien ûndersocht wurde op grûn fan in goede en earlike ferdieling. Dit sil in beheind oantal wêze (ûngefear 10 lokaasjes). Net alle oanmeldingen kinne dêrom meinommen wurde yn it ûndersyk. It ûndersyk kin inkele wiken oant inkele moannen duorje.

Lanlik ûndersyk RIVM

Lanlik docht it RIVM ûndersyk nei aaien. Dit giet om partikuliere aaien dy’t lanlik socht binne en om aaien dy’t jo yn ’e winkel keapje kinne. It ûndersyk wurdt nei ferwachting yn maaie troch it RIVM publisearre.

Advys Voedingscentrum

Koartlyn hat it Voedingscentrum advisearre om it iten fan partikuliere aaien en aaien út de supermerk ôf te wikseljen as jo tefolle ynname fan PFAS tefoaren komme wolle.

Wa is ferantwurdlik foar it kontrolearjen fan de konsintraasjes PFAS yn iten, lykas aaien?

By de produksje troch in bedriuw fan aaien is de Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) de tasichthâlder. By hobbyhinnen is der gjin tasichthâlder.

Wurde gewaaksen út grientetunen ûndersocht?

De gemeente lit har hjiroer advisearje troch it RIVM en giet mei harren yn petear. De gemeente hat wol advys frege nei mooglik gewaaksûndersyk by oare gemeenten, sa’t yn Dordrecht dien is. Ut neifraach blykt dat, fanwegen de dregens, dit soarte ûndersiken in trochrintiid hawwe fan 6 oant 9 moanne (regio Súd-Hollân). As wy gewaaksûndersyk dwaan litte, dan melde wy dat fia de updates.

Faakstelde fragen PFAS yn de gemeente

Wat is PFAS?

PFAS stiet foar Per- en polyfluoralkylstoffen. It is in groep fan tûzenen gemikaliën dy’t unike wetter- en smoargensôfstjittende eigenskippen hawwe. PFAS wurde op grutte skaal makke en komme foar yn in soad gewoane produkten fanwegen dy nuttige eigenskippen. Tink bygelyks oan anty-oanbaklagen, wetterôfstjittende tekstylbehannelingen en brânwarrende skûmen.

Dizze gemikaliën wurde al tsientallen jierren makke en brûkt yn ferskillende yndustryen en konsuminteprodukten. In pear bekende foarbylden fan PFAS binne PFOS (Perfluoroktaalsulfonaat), PFOA (Perfluoroktaansoer), PFBS (Perfluorbutaansulfonaat) en PFHxS (Perfluorheksaansulfonaat).

PFAS stean ek bekend as “forever chemicals”, om’t se kwalik ôfbrekke en har dêrtroch ophoopje kinne yn it miljeu (planten, bisten en minsken). Se komme rûnom yn it miljeu foar. Fanwegen harren mooglik skealike effekten op minsklike sûnens en it miljeu, krigen PFAS in soad oandacht. Der wurdt noch altyd in soad ûndersyk dien nei de eigenskippen fan PFAS en hoe’t dizze stoffen har gedrage yn it miljeu (ûnder oare troch RIVM).

Wat binne de potinsjele sûnensrisiko’s fan PFAS?

De gefolgen fan bleatstelling oan PFAS hingje ôf fan de doer en hichte fan de bleatstelling. By langduorjende bleatstelling oan ferhege wearden kin PFAS gefolgen hawwe foar de sûnens. Nei alle gedachten hat it effekt op it ymmúnsysteem. Dêrneist kin it effekt hawwe op de wurking fan de lever, it hormonale systeem en foarmen fan kanker. Mear ynformaasje kinne jo fine op de pagina fan GGD Leefomjouwing.

Wat is de rol fan de gemeente?

De gemeente Ljouwert hat sûnt 2003 neffens de wet it rjocht en is ferantwurdlik foar it meitsjen fan besluten oer de boaiem. Tink oan:

  • It ferlienen fan fergunningen foar boaiemaktiviteiten.
  • It fêststellen fan boaiemkwaliteitsnoarmen.
  • It tafersjoch hâlden op it neilibjen fan de regeljouwing oangeande boaiembehear en -beskerming.

Sa is de gemeente no dwaan om de gehalten PFAS dúdlik te meitsjen foar hiel har grûngebiet. Dit komt yn in PFAS-boaiemkwaliteitskaart te stean. Dat barde ek mei de oanwêzigens fan oare stoffen. Op de webside Sicht op Grûn kinne jo hjir mear ynformaasje oer fine.

De gemeente Ljouwert fynt in sûne leefomjouwing hiel wichtich en dêrom wurdt PFAS meinommen by boaiemûndersiken dy’t yn opdracht fan de gemeente dien wurde (bygelyks by nije ûntwikkelingen en ûnderhâldswurk).

Wêr yn Ljouwert is PFAS oantroffen?

Koartlyn binne ferhege gehalten oan PFAS fûn yn de boaiem en it wetter fan de Jelsumer en Lytse Feart. Sjoch foar mear ynformaasje by it kopke ‘Aktueel: Jelsumer en Lytse Feart’ op dizze side.

Wat docht de gemeente om PFAS yn kaart te bringen?

De gemeente makket in boaiemkwaliteitskaart binnen de gemeente Ljouwert. Hjir komme ek PFAS gehalten op te stean. Sjoch ek it antwurd by de fraach ‘Wat is de rol fan de gemeente?’. Ek oare organisaasjes, lykas Wetterskip Fryslân, ûndersykje foar bygelyks de start fan baggerwurksumheden de wetterboaiem.

Wat docht de gemeente om PFAS-fersmoarging op te romjen?

Oant no ta is der gjin grutte fersmoarging mei PFAS bekend, útsein de Jelsumer en Lytse Feart, sjoch kopke ‘Aktueel: Jelsumer en Lytse Feart’. De dêr fersmoarge wetterboaiem moat sanearre wurde (skjinmakke) troch Wetterskip Fryslân.

Wat docht de gemeente om fersmoarging mei PFAS tefoaren te kommen?

De gemeente nimt PFAS mei by de boaiemûndersiken dy’t yn har opdracht dien wurde. Fierder brûkt en kontrolearret de gemeente de lanlike wetten en regels oer PFAS. De gemeente wurket ek gear mei oare ynstânsjes, lykas de provinsje, it wetterskip en de GGD. Mei-inoar nimme wy maatregels om PFAS-fersmoarging tefoaren te kommen en om it miljeu en de folkssûnens te beskermjen.

Hoe wurdt PFAS ferspraat yn it miljeu?

PFAS kin fia ferskillende wegen yn it miljeu telâne komme. Bygelyks ôffalwetterloazingen, it brûken fan produkten dy’t PFAS befetsje en fia de loft.

Kin de boaiem op myn perseel op PFAS ûndersocht wurde?

Der is op dit stuit gjin oanlieding om de boaiem op partikuliere terreinen te ûndersykjen op PFAS. Jo kinne hjir as eigener sels in buro foar ynskeakelje.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer PFAS fine jo op: