Fluch oan:

Betingsten ferhierfergunning opkeapbeskerming

  • In wenning ferhiere mei allinnich noch ûnder ien fan de folgjende betingsten:
    A. Jo wolle jo wenromte ferhiere oan in earstegraads of twaddegraads famyljelid. Bygelyks jo partner, (styf)âlder, pake, beppe (styf- of adopsje)bern, broer, (skoan)sus of bernsbern.
    B. Tydlik gebrûk. Jo hawwe sels op syn minst 12 moanne yn ’e wenromte wenne en jo sille de wenromte foar maksimaal 12 moanne ferhiere.
    C. De wenromte is ûnderdiel fan in winkelpân, kantoarpân of bedriuwspân.

Ferhierfergunning opkeapbeskerming oanfreegje

Jo kinne de ferhierfergunning opkeapbeskerming digitaal oanfreegje.

Wannear krije jo antwurd op jo oanfraach?

Binnen 8 wike nei ûntfangst hearre jo oft jo de fergunning krije. Soms is in ferlinging fan dizze termyn nedich, mar dan krije jo dêr skriftlik berjocht oer.

Yn hokker buerten jildt de opkeapbeskerming?

De opkeapbeskerming jildt op keapwenningen yn de folgjende buerten, dy fine jo ek op de kaart:

  • Binnenstêd
  • Bilgaard & Havankpark
  • Potmargesône
  • Westeinde
  • Frijheidswyk
  • Vossepark & Helicon
  • Heechterp & Skieringen
  • Dokkumer Ie e.o.
  • Goutum
  • Ald-East
  • Sonneborgh e.o
  • Nijlân & De Swette

Kosten

It oanfreegjen fan in fergunning kostet € 378,10. Jo moatte dit ek betelje as de fergunning net útjûn wurdt.

Fragen en antwurden

Wat hâldt opkeapbeskerming yn?

Opkeapbeskerming hâldt yn dat de wenning yn de earste fjouwer jier nei it yn eigendom krijen* net sûnder fergunning ferhierd wurde mei. De opkeapbeskerming wurdt brûkt om safolle mooglik besteande, goedkeape keapwenningen beskikber te hâlden foar keapers dy’t der sels wenjen gean.

*Mei ‘yn eigendom krije’ bedoele wy yn dit gefal: de datum fan ynskriuwing yn de iepenbiere registers fan de akte fan levering oan de nije eigener.

Wêrom de opkeapbeskerming?

Troch it wenningtekoart stiet de beskikberens en betelberens fan bepaalde wenningen yn bepaalde buerten ûnder druk. De opkeapbeskerming soarget derfoar dat yn dizze buerten, besteande goedkeape keapwenningen net samar opkocht wurde kinne foar de ferhier. Minsken dy’t op syk binne nei in betelbere keapwenning, om sels yn te wenjen, meitsje sa mear kâns.

Ik ha in wenning kocht fóár de start fan de opkeapbeskerming. Mei ik dy wenning noch sûnder fergunning ferhiere?

De opkeapbeskerming jildt net as jo eigener wiene fan de wenning foar de startdatum fan de opkeapbeskerming op 1 july 2024. Dit betsjut dat jo foar 1 july 2024 ynskreaun stiene as eigener yn iepenbiere registers. Jo meie de wenning dan sûnder fergunning ferhiere.

Ik wol in wenning keapje dy’t al ferhierd wurdt. Mei ik dizze wenning ferhieren bliuwe?

Jo meie de wenning ferhieren bliuwe as de wenning foar de start fan de opkeapbeskerming al minimaal 6 moanne ferhierd wurdt op it stuit dat jo eigener wurde. Jo meie de wenning dan sûnder fergunning ferhiere bliuwe. Ek as de hierder – dy’t op dat stuit hiert – it hierkontrakt opseit.

De opkeapbeskerming jildt wol as de wenning foar de start fan de opkeapbeskerming koarter as 6 moanne ferhierd wurdt op it stuit dat jo eigener wurde.

Ik wol in wenning keapje fan in eigener dy’t al in fergunning foar ferhier hat. Kin ik dizze fergunning oernimme?

Nee, as in wenning mei in fergunning ferhierd wurdt, moatte jo op ’e nij in fergunning oanfreegje om de wenning ferhiere te meien. De fergunning is net oerdraachber en bûn oan de fergunninghâlder en de spesifike wenromte.

Kin ik in ûntheffing opkeapbeskerming oanfreegje?

Ja dat kin, as jo foldogge oan dizze betingsten:

  • As de eigener yn alle reedlikheid it ferbod net neilibje kin;
  • As it kolleezje fynt dat it in maatskiplik belang tsjinnet.

Jo kinne de ûntheffing opkeapbeskerming digitaal oanfreegje.

Hoe wit ik wat de WOZ-wearde fan in wenning is?

De WOZ-wearde fan jo wenning fine jo op it WOZ-weardeloket.

Wurdt de priisgrins fan € 260.000,- jierliks oanpast?

Ja. Dizze priisgrins wurdt jierliks per 1 jannewaris yndeksearre oerienkomstich de jiermutaasje fan de konsumintepriisyndeks alle húshâldens sa’t it Centraal Bureau voor de Statistiek jierliks yn jannewaris publisearret oer it foarôfgeande kalinderjier.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Húsfestingsferoardering gemeente Ljouwert