Bioferskaat
By bioferskaat kinne jo tinke oan alle planten, bisten en mikro-organismen dy’t mei-inoar in sûn ekosysteem foarmje. Wrâldwiid giet it net goed mei it bioferskaat: in soad plante- en bistesoarten ferdwine of gean efterút. De gemeente Ljouwert wol it bioferskaat yn 2035 wer tanimme litte. Hoe? Dat lêze jo yn it beliedskader bioferskaat.
De 6 doelstellingen
Om it bioferskaat yn 2035 tanimme te litten, binne 6 doelstellingen formulearre. Yn it beliedskader stiet yn haadlinen hoe’t wy hjiroan wurkje sille. It giet om de folgjende doelstellingen:
- Wy fergrutsje de soarterykdom en ferminderje de kwetsberens fan (Fryske) populaasjes.
- Wy nimme boaiem, wetter en bioferskaat as útgongspunt by it ynrjochtsjen en behearen fan de leefomjouwing.
- Wy wolle besteande grienblauwe struktueren werstelle, fersterkje en útwreidzje.
- Wy stribje nei in takomstbestindich fiedselsysteem sûnder negative effekten foar de kwaliteit fan loft, boaiem en wetter.
- Wy sette yn op bioferskaatswerstel by it útjaan en bestimmen fan grûnen.
- Wy stimulearje posityf kontakt tusken de mins en de natuer.
Beliedskader Bioferskaat
It Beliedskader Bioferskaat is 4 desimber 2024 troch de gemeenteried fêststeld.
Utfieringsprogramma’s
De gemeente hat twa útfieringsprogramma’s skreaun: Bioferskaat en Fergriening.
Utfieringsprogramma Bioferskaat
Yn it Utfieringsprogramma Bioferskaat stean de aksjes útlein om it bioferskaat te beskermjen en te ferheegjen. De gemeente wurket mei 4 aksjelinen:
- Bioferskaat Omjouwingswet bestindich.
- Natuerynklusyf wurkjen foar in Basis Kwaliteit Natuer (BKN).
- Ljouwerter Ekologyske Struktuer fersterkje en útwreidzje.
- Edukaasje en kommunikaasje.
Yn it programma binne de folgjende aksjes opnommen:
- Wy meitsje in plan om kwetsbere bisten dy’t yn gebouwen libje better te beskermjen.
- Wy pleatse 10 spesjale foarsjenningen wêrtroch’t bisten better yn ’e stêd libje en bewege kinne.
- Wy meitsje 20 dokuminten mei ynformaasje oer belangrike bistesoarten. Sa kinne wy yn n ije plannen soargje foar in goed leefgebiet foar dizze en oare bisten.
- Wy wurkje oan de Ljouwerter Ekologyske Struktuer (LES). De LES is it ekologysk netwurk fan ús gemeente. Wy wolle dizze struktuer aktyf útwreidzje troch gebieten better mei-inoar te ferbinen en te fergrutsjen. De kommende 2 jier losse wy 4 knipepunten op yn dit netwurk.
- Wy soargje foar better natuerbehear fan bermen en oare griene gebieten, mei ekstra omtinken foar bepaalde natuerwearden.
Om it bioferskaat te werstellen, moatte wy witte wêr’t de ferskillende natuerwearden binne. Dêrom meitsje wy in natuerweardekaart en in plan om dizze natuerwearden te bewaken. Wy wolle graach gearwurkje mei organisaasjes dy’t natuer beheare (bygelyks Steatsboskbehear), oerheden, skoallen en frijwilligers yn ús gemeente.
Utfieringsprogramma Fergriening
Yn it Utfieringsprogramma Fergriening stean 14 dúdlike maatregels om it grien yn Ljouwert te fersterkjen en út te wreidzjen. Dit dogge wy bygelyks om de kwaliteit fan libben yn doarpen en wiken te ferbetterjen. Oant en mei 2035 wurkje wy ûnder mear oan it folgjende:
- Wy ferbetterje 6.000 groeiplakken, dit is de romte dy’t in beam nedich hat om te groeien. En wy ferwiderje bygelyks stiennen en tegels dy’t net nedich binne.
- Wy plantsje 6.750 nije beammen.
- Wy ferfange 5.300 sike en swakke beammen.
- Wy meitsje 40 skoalpleinen griener en meitsje 36 koele plakken. Dit wurde ek wol skaadplakken neamd.
- By grutte projekten yn in wyk of doarp soargje wy foar gruttere griene gebieten.
- Wy meitsje ynwenners mear bewust fan de foardielen fan in griene leefomjouwing. Wy moedige ynwenners oan om yn harren eigen tún oan ’e slach te gean.
Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s
De folgjende beliedsnota fine jo op de webside Bestjoerlike ynformaasje:
- Beliedskader Bioferskaat.
Fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.