Untwikkelkader Sint Vitusplein Stiens
MFC De Skalm en de biblioteek binne ferhuze nei it âlde gemeentehûs yn Stiens, de Nije Skalm. Troch de ferhuzing binne der kânsen om it Sint Vitusplein en direkte omjouwing te ferbetterjen. Yn ’e mande mei it doarp binne wy op ’e syk gien nei dy kânsen. Hjirfan makket de gemeente in ûntwikkelkader.
Jo kinne it ûntwerp ûntwikkelkader besjen en derop reagearje
It ûntwerp ûntwikkelkader Sint Vitusplein yn Stiens leit fan tongersdei 4 july ôf op ynsjen. Dat betsjut dat jo it ûntwerp besjen kinne en derop reagearje. Wolle jo reagearje? Dat kin oant en mei woansdei 26 septimber. Jo kinne reagearje troch in sjenswize yn te tsjinjen. Hoe’t dat wurket, lêze jo op de side sjenswize yntsjinje
Fragen en mear ynformaasje? Jo binne wolkom op de Wenmerk
De gemeente heart graach wat jo fan it ûntwerp ûntwikkelkader fine. Wolle jo graach mûnling ynformearre wurde oer it ûntwerp ûntwikkelkader? Dan binne jo fan herten wolkom by de wenmerk op tiisdei 16 july tusken 19.30 en 21.00 oere yn de Nije Skalm, Ljipstrjitte 1 yn Stiens. Op de wenmerk krije jo ek ynformaasje oer de wenningbouûntwikkelingen fan Steenslân II, oan de Hege Hearewei en yn de Remise.
Wurksesje en byienkomsten
Der hawwe 3 wurksesjes west mei omwenners, ûndernimmers en oare belanghawwers út it doarp om de winsken en ideeën foar it plein te besprekken. Dit wie wichtich om it ûntwikkelkader te meitsjen.
It kosept fan it ûntwikkelkader is presintearre oan de ynwenners fan Stiens op in ynrinjûn op 1 febrewaris 2024.
Digitaal meidwaan!
Jo koene digitaal meidwaan! Dat koe fia in spesjale website. Hjir koene jo ek sels in model fan it plein meitsje.
Nijsbrieven:
Fragen?
Hawwe jo noch fragen? Nim dan gerêst kontakt op mei Aletta Kalma of Dirk Jan Kuipers fia of stjoer in e-mail nei wonen@leeuwarden.nl.