Fluch oan:

Kennisjouwing fan foarnommen ferkeap fan grûn

It giet om de folgjende kadastrale perselen:

  • Gemeente Grou seksje A 8061 dls, grut 158 m2.
  • Gemeente Grou seksje C 2390, grut 144 m2
  • Gemeente Grou seksje A 8061 dls, grut 61 m2.
  • Gemeente Grou seksje A 8159, grut 16 m2.

De gadingmakkers wolle de perselen grûn/wetter brûke foar hiemútwreiding fan harren hjoeddeistige perseel.

Twa serieuze gadingmakkers

Troch in útspraak fan de Hege Rie moat de gemeente by de útjefte fan grûn gelikense kânsen jouwe oan gadingmakkers. In seleksjeproseduere hoecht net as yn it foar fêst stiet oft reedlikerwiis oannommen wurde mei dat mar ien gadingmakker foar de grûn yn oanmerking komt.

De gemeente mient dat yn dit gefal de útsûnderingsregel, lykas neamd yn it arrest, fan tapassing is en der sprake is fan mar twa gadingmakkers, om de folgjende reden.

De gemeente is fan miening dat der yn dit gefal sprake is fan mar twa serieuze gadingmakkers, om’t it ferkochte mar oan twa wenningperselen buorret en oanmurken wurde kin as restperseel/grienstrook.

Net iens mei it foarnimmen?

Elke oare gadingmakker dy’t fynt dat er ek foar dit rjocht yn oanmerking komme moatte soe, moat binnen 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (10 july 2024) in koart pleit oan ’e oarder steld hawwe oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Fragen?

Ful it ‘Reaksjeformulier Grûn en Fêstgoed’ yn. It publikaasjenûmer is: 2023-140405.