Werynrjochting Westersingel en Pier Panderstrjitte
Wy sille de Westersingel en Pier Panderstrjitte opknappe. Dat moat omdat it asfalt fan de dyk min wurdt. Dêrneist wolle wy de maksimumsnelheid werombringe nei 30 km per oere.
Wurksumheden
In belangryk doel fan it opknappen fan de Westersingel en de Pier Panderstrjitte is it werombringen fan de snelheid yn beide strjitten nei 30 kilometer yn ’e oere. Ek wurdt it plak om oer te stekken by de Molestrjitte en Fonteinstrjitte ferbettere, de besteande beammen wurde ferfongen en der komt mear grien.
Ferfangen en fersterkjen dielen kademuorre
Neist it opnknappen wurdt ek in diel fan de kademuorre ferfongen en in oar diel fan de kademuorre sterker makke. Dit is noadich omdat op dizze dielen de peallen ûnder de kademuorre beskeadige binne. Hjirtroch binne se net mear sterk genôch om de kademuorre te ûndersteunen.
Foarriedich ûntwerp
Op 12 juny 2024 is it foarriedich ûntwerp fan de werynrjochting Westersingel en Pier Panderstrjitte oan de buert presintearre yn wykgebou De Remise. Mei de krigen opmerkingen wurket de gemeente it ûntwerp no definityf út. Wy ferwachtsje dat it definityf ûntwerp ein oktober op dizze side pleatst wurdt. Dêrnei wurdt it ûntwerp technysk útwurke en kinne bedriuwen ynskriuwe om de wurksumheden út te fieren, dit wurdt ek wol oanbesteging neamd.
Planning wurksumheden
De bedoeling is dat der yn maart 2025 úteinset wurdt mei de wurksumheden. Foarôf wurdt in ynrinmomint foar de omjouwing organisearre, dêr’t fragen steld wurde kinne oer de útfiering, planning en oerlêst. Hjirby binne ek kontaktpersoanen fan de gemeente oanwêzich, dy’t mear oer de wurksumheden witte.