Nijbouplan ‘Oer de Barten 2’ yn Warten
Der wurde nijbouwenningen boud yn Warten troch Zwanenburg Projekten B.V. op grûn oan de westkant fan Warten. De gemeente Ljouwert hat ek grûn grinzjend oan dizze nijbouwyk dêr’t wy huzen bouwe wolle. Der leit in skets fan it nijbouplan. Dizze waard op 20 febrewaris presintearre oan direkt oanwenjenden en op 9 maart op de algemiene ledegearkomste fan Doarpsbelangen Warten.
Soarte wenningen
Yn it hjoeddeistige konseptplan sitte sawol hier- as keapwenningen, wêrby’t de keapwenningen frijsteande wenningen en twa-ûnder-ien-kapwenningen oan farwetter binne, dat yn ferbining stiet mei it Wartenster Wiid. De sosjale hierwenningen sille rychjeswenningen wêze en by foarkar wurde dy fia in wenningkorporaasje ferhierd.
Ynsjen
Fan tongersdei 21 desimber 2023 oant en mei tongersdei 1 febrewaris 2024 lei it ûntwerpbestimmingsplan mei byldkwaliteitsplan op ynsjen. Op dit stuit wurde de sjenswizen beoardiele. It bestimmingsplan wurdt nei de behanneling fan de sjenswizen foarlein oan de gemeenteried foar fêststelling.
Planning
Fêststelling fan it bestimmingsplan sil nei ferwachting twadde helte 2024 wêze. Berop stiet iepen tsjin it fêststelde bestimmingsplan. It plan wurdt bouryp makke nei’t it bestimmingsplan fêst stiet. (Foar)ferkeap en bou kinne úteinsette nei’t it plan bouryp makke is. De wenningen op it nije skiereilân wurde ûntwikkele en ferkocht troch Zwanenburg Projecten B.V. De fjouwer twa-ûnder-ien-kapwenningen oan de strjitte Oer de Barten wurde ferkocht troch in noch te belûken boubedriuw of projektûntwikkeler. De acht sosjale hierwenningen oan Oer de Barten wurde op termyn boud en ferhierd troch wenningkorporaasje Elkien.
Mear ynformaasje?
Hawwe jo fragen? Mail dan nei gemeente@leeuwarden.nl of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert en freegje nei de projektlieder Herman van der Maas.