Betinkingsbeammen
Betinkingsbeammen binne in prachtige wize om in spesjale persoan, barren of oantinken te earjen. Tink bygelyks oan de berte fan jo earste bern, jo houlik, in bysûndere jierdei of oare mylpeal yn jo libben of ta oantinken oan in persoan. It Betinkingsbosk is 0,25 hektare grut en der is plak foar 25 beammen.
Kinne of wolle jo in betinkingsbeam net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier Betinkingsbeam en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wat binne de kosten?
De kosten foar in betinkingsbeam binne € 150,-. De kosten fan in peal en messing betinkingsbuordsje binne 150,-. De totale kosten binne € 300,-. By dit bedrach binne meiteld:
- De beam en it plantsjen hjirfan.
- It betinkingsbuordsje.
- Opnij plantsjen troch mooglike skea (maksimaal 5 jier).
- Administraasjekosten.
Wolle jo wol in betinkingsbeam mar gjin betinkingsbuordsje? Dat kin ek. Dan betelje jo allinnich de kosten foar de beam.
Oanfraach dien: hoe giet it fierder?
- In meiwurker fan de gemeente kontrolearret jo oanfraach.
- Hy/sy nimt kontakt mei jo op foar it meitsjen fan de plantôfspraak. It oanplantsjen fan beammen bart by foarkar yn it neijier.
- De gemeente makket de grûn klear. Jo plantsje de beam sels (eventueel mei help fan meiwurkers fan de grientsjinst) of de gemeente plantet de beam foar jo.
- Nei it plantsjen fan de beam jouwe jo de beam de earste 2 jier wetter. Dêrnei kin de beam himsels rêde. By waarme perioade is it ferstannich om de beam alle wiken wetter te jaan. By it Betinkingsbosk is in amer oanwêzich dêr’t jo wetter mei út de sleat helje kinne. De gemeente snoeit de beam net, om’t er yn in boskrike omjouwing stiet. Behalve as der sprake is fan gefaar, slimme oerlêst en kalamiteiten.
- Jo krije fan de gemeente in sertifikaat fan jo betinkingsbeam. Dit is it bewiis dat jo in betinkingsbeam yn it Betinkingsbosk stean hawwe. Jo kinne hjir gjin rjochten oan ûntliene. De beam en de grûn bliuwe eigendom fan de gemeente Ljouwert.
Soarte beam kieze
Dizze beammen binne geskikt foar it Betinkingsbosk. Jo kinne kieze út de folgjende soarten:
Latynske namme | Nederlânske namme |
---|---|
Alnus glutinosa | Swarte Els |
Betula pubescens | Sêfte bjirk |
Castanea sativa | Tamme kastanje |
Fagus sylvatica | Bûk |
Fagus sylvatica Atropunicea | Reade bûk |
Prunus avium | Swiete kers |
Quercus robur | Simmeriik |
Wêr is it Betinkingsbosk?
It Betinkingsbosk leit yn it Ljouwerterbosk. It bosk is goed te berikken fanôf it parkearterrein oan de Havankleane. Op dizze plattegrûn sjogge jo goed wêr’t it Betinkingsbosk is en wêr’t jo parkeare kinne.
Plak fan de beam
Wy hoopje dat alle beammen minstens tsientallen jierren âld wurde en útgroeie kinne ta ekologysk weardefolle beammen (40 jier en âlder). De iene betinkingsbeam wurdt grutter as de oare. Dêrom hinget it plak ôf fan hokker beamsoarte jo kieze. Yn dit kaartsje sjogge jo in oersjoch fan alle plantlokaasjes.
Betinkingsplaat
Jo kinne by de beam in houten betinkingspeal mei messing plaatsje pleatse litte. Hjirop passe maksimaal 150 lêstekens. Oare foarwerpen by de beam binne net tastien.
It Betinkingsbosk is gjin natuerbegraafplak
It Betinkingsbosk is en bliuwt in bosk. Troch der in beam te plantsjen kinne minsken harren eigen persoanlike betinkingsplak yn de natuer meitsje. Achter elke beam sit in ferhaal. Op de betinkingsplaat kinne jo jo ferhaal kwyt. Wy freegje jo om gjin foarwerpen, kearsen, planten of boeketten en sa mear yn it Betinkingsbosk achter te litten, sadat wy mei ús allen dizze boskeftige omjouwing yn stân hâlde.
Fragen of mear ynformaasje?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.