Mei-inoar werbrûke, recyclje en de wyk kreas hâlde!
Fan jannewaris ôf kinne ynwenners fan Heechterp-Skieringen, Frijheidswyk, Bilgaard, Binnenstêd en Ald-East harren grutsmoargens en brûkbere spullen ynleverje tichtby hûs. Omrin pleatst elke 14 dagen in kontener yn dizze wiken. Dit is dé kâns om mei-inoar de buert skjinner, kreazer en leefberder te meitsjen!
Wêrom dogge wy dit?
Grutsmoargens dat dumpt wurdt soarget foar fersmoarging en ûnfeilige situaasjes. Mei de konteners yn de wyk wurdt ynset op it ferminderjen fan de hoemannichte dumpt grutsmoargens.
Wat kin brocht wurde?
It folgjende meie jo lânsbringe:
stikkene meubels en âlde apparaten.
Brûkbere spullen
Jou goede spullen in twadde libben. Buertgenoaten meie dy fergees meinimme.
It folgjende kinne jo net lânsbringe:
Gemysk ôffal, húshâldlik ôffal, itensresten of grienôffal.
Wêr stiet de kontener?
- Heechterp-Skieringen – Midden fan Sederstrjitte, Esdoarnstrjitte en Dinnestrjitte.
- Binnenring – Amelânsdwinger, foarkant Prins Frederikkazerne (flakby de ûndergrûnske ôffalkontener).
- Frijheidswyk – Bruorren Wierdastrjitte.
- Bilgaard – Hoeke Akasiastrjitte/Bûkestrjitte.
- De Kei – op ’e hichte fan hûsnûmer 390 (flakby de parkearfekken foar de portyk).
- Flietsône – Menno van Coehoornstrjitte op ’e hichte fan Súdfliet.
Wannear?
De kontener stiet alle 14 dagen fan 12:30 oant 16:00 oere op de neamde lokaasjes. Hjirûnder fine jo de planning:
Lokaasje | Data |
---|---|
De Kei, op ’e hichte fan hûsnûmer 390 (flakby de parkearfekken foar de portyk) | 20 jannewaris 3 en 17 febrewaris 3, 17 en 31 maart |
Midden fan Sederstrjitte, Esdoarnstrjitte en Dinnestrjitte | 21 jannewaris 4, 18 febrewaris 4, 18 maart |
Amelânsdwinger, foarkant Prins Frederikkazerne (flakby de ûndergrûnske ôffalkontener) | 23 jannewaris 6 en 20 febrewaris 6 en 20 maart |
Bruorren Wierdastrjitte / Ynvaazjestrjitte op ’e hichte fan hûsnûmer 13/15 | 27 jannewaris 10 en 24 febrewaris 10 en 24 maart |
Hoeke Akasiastrjitte/Bûkestrjitte | 28 jannewaris 11 en 25 febrewaris 11 en 25 maart |
Súdfliet, sydstrjitte Menno van Coehoornstrjitte | 30 jannewaris 13 en 27 febrewaris 13 en 27 maart |
Wat makket it ekstra maklik?
- Help op lokaasje: Twa meiwurkers stean klear om te helpen en advys te jaan oer ôffalskieding en recycling.
- Brûk in stekkarke: Foar swiere spullen kinst in stekkarke liene.
- Diel en ûntdek: Sjoch ris by de kontener foar brûkbere spullen dy’t in twadde libben fertsjinje.
Doch mei en meitsje in ferskil!
Romje spullen op dy’tst net mear brûkst, en draach by oan in skjinnere wyk. Dizze proef duorret in jier. Dêrnei wrudt der sjoen oft de ynset fan konteners yn de wyk suksesfol is en wat it ferfolch wêze sil. Help mei en diel dizze ynformaasje mei dyn buertbewenners. De proef wurdt mei mooglik makke mei help fan Programma Ljouwert East.
Mei-inoar hâlde wy de wyk kreas en leefber!