Fluch oan:

Wêrfoar kinne jo subsydzje oanfreegje?

Jo kinne subsydzje oanfreegje foar ekstra aktiviteiten foar bern, âlderbelutsenens en it fersterkjen fan de trochgeande line. Ekstra aktiviteiten foar bern kinne ferskillende ûntwikkelingsgebieten reitsje, lykas kognitive, sosjaal-emosjonele, kultuer-keunstsinnige en motoaryske ûntwikkeling. By âlderbelutsenens giet it om it fersterkjen fan it pedagogysk en didaktysk partnerskip yn de trijehoeke âlder-ber-profesjonal. De trochgeande line giet oer de ûntwikkeling fan bern fan 0 oant 13/14 jier.

Wolle jo subsydzje oanfreegje?

De subsydzjeregeling is foar alle (startende) IKC’s yn de gemeente Ljouwert. De direkteur fan it IKC docht út namme fan it skoalbestjoer de subsydzjeoanfraach.

Betingsten (rekkenregels)

De begrutting moat oan bepaalde rekkenregels foldwaan. It oeretaryf mei maksimaal € 80,- yn ’e oere wêze. De tariedingstiid mei maksimaal 40% fan de ynset fan profesjonals foarmje. Jo meie maksimaal 20% fan de totale subsydzje foar overhead brûke. Under kosten foar overhead falle bygelyks kosten foar materiaal, koördinaasje, (by)skoalling, ekstra oerlis.

Hichte subsydzje

It bedrach dat maksimaal oanfrege wurde kin ferskilt per IKC:

  • Plus IKC’s en IKC Trianova € 2.500,- + € 85,- per bern fan 2 jier en âlder dat per teldatum 1 febrewaris 2025 nei it IKC giet.
  • Basis IKC’s: € 5.000,- + € 105,- per bern fan 2 jier en âlder dat per teldatum 1 febrewaris 2025 nei it IKC giet.
  • IKC Sint Paulus: € 10.000,- + € 350,- per bern fan 2 jier en âlder dat per teldatum 1 febrewaris 2025 nei it IKC giet.

Ekstra opsje: ynnovative dieloanfraach jonge bern

Jo kinne boppe-op jo oanfraach in ekstra dieloanfraach dwaan. Dizze dieloanfraach mei net in útwreiding wêze fan jo gewoane oanfraach. By it beoardieljen fan dizze dieloanfragen wurdt mei klam foarrang jûn oan oanfragen dy’t de ûntwikkeling fan it jonge bern ûndersteune.

Skoalle en Omjouwing

De IKC’s yn Ljouwert East dogge mei oan it programma Skoalle en Omjouwing. De subsydzje foar de ekstra lear- en ûntwikkeltiid en it koördinaasjeteam wurdt troch de skoal- en berne-opfangbestjoeren oanfrege.

Wat bart der nei jo oanfraach?

Nei it yntsjinjen fan jo oanfraach gean jo yn petear mei de IKC-kommisje. Dizze kommisje bestiet út minsken út it ûnderwiis en de berne-opfang, in ekspert en in foarsitter. Allinnich de basis IKC’s en IKC Sint Paulus hoege harren oanfraach te presintearjen.

Fragen of mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Regeling subsydzje ‘Kânsen foar Bern’ 2025