Fluch oan:

Betingsten

De subsydzje wurdt jûn foar ynklúzje-aktiviteiten yn de ûndersteande foarmen, lykas:

  • dialoochbyienkomsten;
  • betinkingsbyienkomsten;
  • edukative byienkomsten;
  • debatbyienkomsten;
  • emanispaasje-rjochte aktiviteiten;
  • of oare (ynnovative) foarmen rjochte op moetingen en begryp oer en wer tusken ynwenners en/of organisaasjes dêr’t ferskaat en ynklúzje by sintraal stean.

De oanfrege subsydzje wurdt jûn as:

  • de aktiviteit yn de gemeente Ljouwert holden wurdt;
  • de aktiviteit rjochte is op it oerbrêgjen fan ferskillen en befoarderjen fan de sosjale gearhing tusken minsken mei ferskate eftergrûnen;
  • de aktiviteit rjochte is op groepen en net op yndividuen;
  • de aktiveiten bûten de al besteande subsydzjeregelingen fan de gemeente Ljouwert falt;
  • de aktiviteit in iepenbier karakter hat en foar elkenien tagonklik is.

Hokker bylagen moatte jo by jo oanfraach taheakje?

  • In aktiviteiteplan. Dat befettet in oersjoch mei in beskriuwing fan it karakter, de omfang, perioade, doer, lokaasje en wize fan útfiering fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt. Fierder wurdt in beskriuwing frege fan de eftergrûn, motivearring, oanpak, planning, PR en it publyk dat jo berikke wolle.
  • In slutende en nei it oardiel fan it kolleezje foldwaande spesifisearre en taljochte begrutting fan de ynkomsten en útjeften. Yn de begrutting stiet ek it oanfrege subsydzjebedrach.

Oant wannear kinne jo in oanfraach yntsjinje?

De regeling jild fan 1 jannewaris 2025 oant en mei 31 desimber 2026.

Oanfragen foar 2025

Dy moatte jo uterlik 1 septimber 2025 yntsjinje.

Oanfragen foar 2026

Dy kinne jo yntsjinje fan 1 oktober 2025 ôf.

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier Subsydzje Ferskaat en Ynklúzje 2025 en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Status subsydzjeoanfraach

Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling Ferskaat en Ynklúzje 2025/2026.