Fluch oan:

Motivearring

Bewenners ûnderfine dat der gjin bliuwende oplossing komt foar dizze problemen, wat liedt ta ûnfrede. Elkenien hat ferskillende winsken en belangen: bewenners wolle genietsje fan it grien, jongerein siket in moetingsplak, hûnebesitters wolle rêstich kuierje, âlden mei jonge bern wolle in fijn boartersplak, en omwenjenden langje nei rêst yn harren tún. It is belangryk dat we mei-inoar in oplossing fine dy’t foar elkenien wurket.

Plan mei alle belutsenen

Wat is derfoar nedich dat, mei de fernijing fan de skatebaan, it wykpark in fijn plak is en bliuwt foar elkenien? De gemente hat besletten om ynwenners en belutsenen sels de kâns te jaan in plan te meitsjen foar it wykpark Camminghabuorren. Hjirfoar binne kaders opsteld sadat it plan ek helber is. As dit plan oan dizze kaders foldocht, wurdt it troch de gemeente oernommen en útfierd. Syta Talsma fan Belutsen (ûnôfhinklike prosesbegelieder) begeliedt dit proses. Sy soarget derfoar dat alle belutsenen op in lykweardige manier harren stim hearre litte kinne en mienskiplik ta oplossingen komme. Dit proses hjit ‘De Nije Rûte’.

Kaders

  • It plan beskriuwt hoe’t it wykpark, ynklusyf de fernijde skatebaan, in noflik plak wurdt en bliuwt foar elkenien.
  • It plan foldocht oan de wykparfyzje dy’t yn 2010 opsteld is troch it wykpanel. Hjiryn stiet: multyfunksjoniel gebrûk, tagonklikheid foar minderfaliden, sportkompetysjes en festiviteiten, wetterboartersplak en skeelerbaan, moetingsplak, tagonklik ek foar pjutten en beukers.
  • De hjoeddeistige skatebaan wurdt fernijd neffens plan en beslút fan it wykpanel.
  • Der is € 25.000,- beskikber foar plannen en inisjativen dy’t fuortkomme út de Plandei op 12 april.
  • Plannen en inisjativen dy’t fuortkomme út de Plandei wurde talitten binnen it besteande belied en rjochtlinen. Plannen en inisjativen dêr’t in fergunning foar nedich is, wurde nei de Plandei besjoen lykas by elke fergunningsoanfraach dien wurdt.
  • Op dit stuit wurdt net foldien oan de betingsten foar (tydlik) gemeentlik kameratafersjoch, dêrom is kameratafersjoch net tastien.
  • De hjoeddeistige ynset op hanthavening is heger as yn oare wiken, om’t Lieuwenburgzoom in prioritearre lokaasje is. As der yn de takomst mear oerlêst is as yn de hjoeddeistige situaasje kin hanthavening dit yntinsivearje yn oerlis mei it Taskforce Jeugd.
  • It plan hâldt rekkening mei de plande wurksumheden: de hjoeddeistige fytspaden wurde ein 2025/ begjin 2026 fernijd. De hjoeddeistige ferljochting wurdt yn 2028 ferfongen.

Tiidline

  • Desimber 2024 en jannewaris 2025: Start beslútfoarmingsproses Nije Rûte.
  • Febrewaris oant en mei maart 2025: Tariedende petearen mei belutsenen.
  • Sneon 12 april 2025 fan 09:30-17:00 oere: Plandei.

Hoe sjocht it proses derút?

It proses bart neffens de metoade fan De Nije Rûte en bestiet út 3 dielen:

  • Tarieding
    • Elkenien dy’t him belutsen fielt by wykpark Camminghabuorren kin him oanmelde fia it e-mailadres info@belutsen.nl foar in tariedend petear yn de wyk yn febrewaris en de earste helt fan maart. Jo wurde útnûge foar in petear mei Syta en Laura. Laura is opbouwurker by Amaryllis. Elkenien wurdt op deselde wize taret op de Plandei. Per tariedend petear kinne der maksimaal 10 persoanen meidwaan. By of nei dit petear beslisse jo sels oft jo wol of net meidogge oan de Plandei.
  • Plandei op sneon 12 maart 2025
    • Op dizze dei komme alle belutsenen byinoar om ôfspraken te meitsjen en om – binnen de kaders fan de gemeente – besluten te nimmen.
  • Utwurking
    • Yn dizze perioade wurde eventuele ôfspraken en besluten fan de Plandei dy’t mear tiid en útwurking nedich hawwe fierder útwurke troch wurkgroepen en de gemeente.

Plandei: Gearwurkje oan in plan

Op sneon 12 april 2025 meitsje alle dielnimmers mei-inoar in plan. De Plandei sjocht der sa út:

  • De gemeente dielt de kaders.
  • Saakkundigen diele de yn de tariedende petearen frege ynformaasje.
  • De gemeente ferlit it gebou, de dielnimmers gean oan de slach om te kommen ta in mienskiplik plan.
  • Oan ’e ein fan ’e dei nûgje wy de gemeente út om it plan yn ûntfangst te nimmen, sadat it toetst wurde kin oan de kaders en wy ôfspraken meitsje kinne oer it ferfolch.

Foar april diele wy mei de dielnimmers fan de Plandei de lokaasje fan dy dei en in eksaktere planning foar dy dei.

Fragen of mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei Syta Talsma fia e-mailadres info@belutsen.nl of fia telefoannûmer 06-23256807.