Fluch oan:

Fergoedingen foar bistefoer of bistedokterskosten

Der binne organisaasjes dy’t minsken mei in leech ynkommen helpe mei harren húsdier. Se kinne bygelyks helpe mei de kosten foar de bistedokter of mei foer foar dyn húsdier. Let wol op: de organisaasjes hawwe regels en fergoedzje net altyd alle kosten. It is belangryk om earst goed te freegjen watst krije kinst.

  • Stichting Kat in Nood is in lanlike organisaasje dy’t katte-eigeners mei in minimumynkommen helpt mei ûnder mear de sterilisaasje en kastraasje fan harren katten tsjin in oanpaste priis.
  • Stichting Sterk voor Dieren kin húsdiereigeners helpe troch by te dragen yn de needsaaklikste medyske kosten, de kosten fan in kremaasje of it jaan fan bistefoer.
  • Wie vult mijn bak? is in lanlike non-profit stifting dy’t húsdiereigeners helpt troch harren bistefoer en oare saken dy’t nedich binne te jaan.
  • Stichting de Zwaan jout advys en jild oan minsken dy’t harren húsdieren troch ûnferwachte barrens net de nedige medyske soarch jaan kinne. Dizze stifting kin kosten, of in part dêrfan, direkt oan de behanneljende bistedokter of ynstelling fergoedzje.

Check sels online regelingen en taslaggen

Wolle jo mear witte oer gemeentlike regelingen of taslaggen, lykas hiertaslach of ekstra jild om sporte te kinnen? Doch in check op de webside Dat Geldt voor Mij en jo witte fuortdaliks wêr’t jo rjocht op hawwe en hoe’t jo dat oanfreegje kinne.

Gratis advyspetear

Wolle jo leaver mei-inoar sjen wat foar jo jildt? Freegje dan in gratis petear oan op de webside fan Dat Geldt voor Mij.

Mear ynformaasje of help nedich?

Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?