Nijbouwyk Hikkemieden
Hikkemieden is de nijste wyk yn Wurdum, mei romte foar ûngefear 40 wenningen, dêrûnder 9 kavels. De wyk kombinearret modern wenkomfort mei de natoer fan Fryslân. Hikkemieden leit oan ’e rân fan Wurdum, mei de rêst fan it plattelân en dochs ticht by doarpsfoarsjenningen.
Wenje yn Hikkemieden
Hikkemieden biedt in rêstige en romtlike wenomjouwing dêr’t it bûtenlibben by sintraal stiet. Alles watst nedich hast, is tichtby. De earste faze fan de wyk is al klear.
Yn faze 2 wurdt de wyk fierder útwreide mei nije kavels dy’t goed passe by de besteande wyk en it karakter fan Wurdum. Der binne 9 kavels beskikber yn dizze faze:
- 4 kavels foar twa-ûnder-ien-kapwenningen (ûngefear 300 m² per kavel)
- 5 kavels foar frijsteande wenningen (fariearjend fan 400 m² oant 1.000 m²)
Alle kavels lizze oan It Blauleech en grinzje oan de omlizzende greide, wat soarget foar in soad romte en in goede ferbining mei de natoer. Yn faze 3 komme der noch mear kavels, sadat der yn de takomst mear mooglikheden binne om yn Hikkemieden te wenjen.
Mear ynformaasje lêze jo yn de brosjuere Hikkemieden.
Utwurkingsplan
It útwurkingsplan foar Wurdum Hikkemieden is op 12 desimber 2024 goedkard. Yn dit plan stean de regels foar it brûken fan it gebiet en de bou fan huzen.
Besjoch it útwurkingsplan op de webside romtlike plannen en sykje op plannamme en plannûmer op Wurdum – Hikkemieden.
Wolstânsrjochtlinen
De wolstânsrjochtlinen bepale hoe’t wenningen derút sjen moatte, hokker materialen en kleuren brûkt wurde meie en hoe’t jo skuttingen of oare hiemôfskiedingen delsette meie. It doel is in moaie wyk dy’t goed byinoar past, mei romte foar ferskillende stilen.
Kavelpaspoarten
Foar elke kavel is in kavelpaspoartmakke. Yn dit paspoart fine jo de spesifike regels en easken dy’t jilde foar de kavel, lykas it bestimmingsplan, de grutte fan de kavel en de wolstânsrjochtlinen.
Planning
De boukavels yn faze 2 binne klear om te bouwen. Wannear’t de bou begjint, hinget ôf fan de nutsfoarsjenningen en de besikberens fan boubedriuwen. Dit is de ferantwurdlikheid fan de keapers.
Foar faze 3 is noch gjin startdatum. Wy binne dwaande mei de tariedingen. Wannear’t de nije kavels klear binne, hinget ôf fan de oanlis fan de nutsfoarsjenningen nei de kavels ta. Wy jouwe it oan wannear’t der mear dúdlik is.
Ynteresse en/of fragen
Hawwe jo ynteresse yn in twa-ûnder-ien-kapwenning? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Foar ynteresse yn in kavel fulle jo it ynskriuwformulier yn. Stjoer it op nei de gemeente Ljouwert of bring it formulier lâns op it gemeentehûs.
Jo kinne jo ynteresse kenber meitsje oant 18 april 2025.