Subsydzje ferduorsuming hierwenningen Ljouwert East
Binne jo in partikuliere ferhierder en ferhiere jo in min isolearre wenning mei in lege WOZ-wearde? Dan is der miskien subsydzje foar it isolearje litten fan ruten, muorren, dak en flier fan dizze wenning. Dizze regeling jildt foar de wiken: Bilgaard, Frijheidswyk, Ald-East en Heechterp-Skieringen.
Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling ferduorsuming hierwenningen Ljouwert East en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wêrfoar kinne jo subsydzje krije?
- gevelisolaasje
- spoumuorre-isolaasje
- dakisolaasje, solder- of flieringisolaasje
- flierisolaasje of boaiemisolaasje
- HR++-glês/tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar mei kezyn
- enerzjysunige fentilaasjemaatregel (allinnich yn kombinaasje mei in oare maatregel)
Foar dizze subsydzje hawwe jo in isolaasjeplan nedich. Jo kinne subsydzje krije foar de isolaasjemaatregels fan de hierwenning dy’t stean yn dit isolaasjeplan. Foar it isolaasjeplan gean jo nei de webside Leeuwarden helpt verduurzamen.
Ekstra betingsten dakisolaasje en spoumuorre-isolaasje
Dakisolaasje en spoumuorre-isolaasje moatte natuerfreonlik dien wurde. Der kinne bygelyks flearmûzen yn jo muorre libje. Dy wolle wy beskermje by it isolearjen. De ekstra betingsten binne:
- Jo kieze foar in isolaasjebedriuw dat wurket neffens de metoade ‘Natuurvriendelijk insoleren’.
- Sjoch foar de bedriuwen en mear ynformaasje oer dit ûnderwerp op de webside Natuurvriendelijk Isoleren.
Betingsten subsydzje
- De ferhierde wenning leit yn 1 fan de folgjende wiken:
- Bilgaard: de postkoade begjint mei 8918.
- Ald-East: de postkoade begjint mei 8921 of 8922.
- Frijheidswyk: de postkoade begjint mei 8923.
- Heechterp en Skieringen: de postkoade begjint mei 8924.
- De WOZ-wearde fan de ferhierde wenning is € 170.000,- of leger (peildatum 1-1-2020). Kontrolearje de WOZ-wearde fan de wenning op de webside WOZ-waardeloket.
- As de wenning ûnderdiel is fan in rychje fan op syn minst 3 wenningen, kin de WOZ-wearde soms maksimaal € 190.000,- wêze op peildatum 1-1-2020. Nim yn dat gefal kontakt op mei de gemeente oer de regels.
- It enerzjylabel fan de ferhierde wenning is C/D/E/F of G. Of de ferhierde wenning hat gjin enerzjylabel. Hat de wenning enerzjylabel A of B? Dan komt dizze wenning net foar dizze subsydzje yn oanmerking. Kontrolearje it enerzjylabel op de webside EP-online.
- Jo litte de maatregels útfiere neffens it ferplichte isolaasjeplan.
- Jo fiere minimaal 2 maatregels út it ferplichte isolaasjeplan út. Dit moatte de 2 maatregels wêze dy’t as earste neamd wurde.
- Jo litte de maatregels útfiere troch in bedriuw. Jo wurkje net sels by dit bedriuw en/of jo binne gjin (mei-)eigener fan dit bedriuw.
- Der is noch net earder gebrûkmakke fan dizze subsydzje of de subsydzjepilot ferduorsuming Ljouwert East foar dizze wenning. Dit jildt ek as in eardere bewenner al gebrûk makke hat fan dizze subsydzje.
- De isolaasjemaatregels moatte noch útfierd wurde of binne dien néí 1 jannewaris 2024.
Hichte subsydzje
De subsydzje is 50% fan de kosten dêr’t jo subsydzje foar krije. It bedrach is maksimaal € 12.000,- per wenning.
Wat te dwaan as de isolearjende maatregels útfierd binne?
By it krijen fan de subsydzje krije jo in formulier om kosten werom te freegjen. Ful it formulier yn, stjoer it op en doch de faktueren derby. De faktueren foar de isolaasje meie net âlder wêze as 4 wiken.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing fine jo op de webside Overheid.nl.
- Subsydzjeregeling Ferduorsuming Hierwenningen Ljouwert-East.
Fragen of mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert. Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.