Offalstoffeheffing
Foar it opheljen en ferwurkjen fan húshâldlik ôffal betelje jo ôffalstoffeheffing oan de gemeente Ljouwert. Hoefolle jo betelje, hinget ôf fan hoefolle en hoe faak oft jo restôffal ynleverje. Troch ôffal te skieden, hawwe jo ynfloed op it fariabele (wikseljende) bedrach fan de ôffalstoffeheffing. Jo betelje minder as jo jo ôffal goed skiede en minder restôffal ynleverje.
Hoe wurket de ôffalstoffeheffing?
Jo krije fan ús in oanslach foar gemeentlike heffingen as jo in ‘objekt’ brûke. In objekt is in ‘wenning’ of in ‘net-wenning’. In ‘net-wenning’ is bygelyks in bedriuw, winkel, kantoar, garaazjeboks of in stik grûn. Op de oanslach stiet oft jo betelje moatte foar in ‘wenning’ en/of foar in ‘net-wenning’. Dat is in fêst bedrach. Neist it fêste bedrach betelje jo ek in fariabel bedrach. Yn febrewaris krije jo de oanslach foar it fariabele bedrach oer it jier 2023.
Wenning
Jo betelje ôffalstoffeheffing as jo in wenning brûke. It makket dêrby net út oft jo eigener binne of hierder. Foar in wenning betelje jo elk jier in fêst bedacht foar it opheljen en ferwurkjen fan smoargens. Jo betelje ek as jo gjin ôffal oanbiede of ophelje litte.
Net-wenning
Foar in net-wenning betelje jo as gebrûker gjin ôffalstoffeheffing. Jo moatte der wol sels foar soargje dat it bedriuwsôffal ophelle wurdt.
Taryf foar 1 persoan of meardere persoanen
De hichte fan de ôffalstoffeheffing hinget ôf fan it oantal persoanen dat yn jo wenning wennet. As jo allinnich wenje, betelje jo it ienpersoanstaryf. As jo mei meardere persoanen wenje, betelje jo it mearpersoanstaryf.
Fariabel bedrach
Fanôf 2023 is de ôffalstoffeheffing opsplitst yn twa dielen: in fêst bedrach en in bedrach dat ferskil, foar restôffal. Dit neame wy it fariabel bedrach. De hichte fan dit bedrach kin ferskille en is ôfhinklik fan hoe faak oft immen de grize kontener oan de dyk set en it gewicht fan it ôffal yn ’e kontener.
Wa’t gebrûk makket fan in ûndergrûnske kontener betellet per klepbeweging.
Foar de skieden ynsammeling fan grien-, fruit- en túnôffal, tekstyl, papier en glês hoecht net betelle te wurden. Dat binne grûnstoffen dy’t, om’t se skieden ophelle wurde, goed werbrûkt wurde kinne.
Taryf rekreaasjewenning
Foar in rekreaasjewenning betelje jo in leech taryf ôffalstoffeheffing foar 6 moannen tsjinstferliening. De oanslach ôffalstoffeheffing foar in rekreaasje bestiet allinnich út in fêst part. Jierliks kinne jo fan 1 april oant 1 oktober mei in miljeupas gebrûk meitsje fan ûndergrûnske konteners yn de omjouwing. Tsjinstferliening mei konteners foar rest-, grien of papierôffal is net mooglik.
Hoefolle restôffal leverje jo yn?
Download de Omrin Offalapp of gean nei De Digitale Belestingbaalje. Hjir sjogge jo hoe faak en hoefolle restôffal jo ynlevere hawwe.
Kosten
Sels útrekkenje wat jo betelje moatte
Mei de rekkenhelp kinne jo sels fluch en ienfâldich útrekkenje wat jo oan ôffalstoffeheffing kwyt binne.
Fêst diel Offalstoffeheffing (taryf op restôffal)
- Ienpersoanshúshâlden: € 192,76.
- Mearpersoanshúshâlden: € 289,15.
- Rekreaasjewenning: € 144,57.
- Ekstra bio-bak (griene of GFT-kontener) is fergees.
Fariabel diel Offalstoffeheffing (taryf op restôffal)
- Bedrach per kilogram yn de sortybak (grize kontener): € 0,09 per kilo.
- Eigen sortybak (grize kontener) by hûs leegje litte: € 1,- per kear.
- Pûde yn ûndergrûnske restôffalkontener: € 0,67 per kear.
- Pûde yn ûndergrûnske restôffalkontener taryf 2023: € 0,73 per kear.
Yn febrewaris 2024 krije jo de oanslach foar it fariabele bedrach oer it jier 2023. Hjirfoar jildt it taryf fan 2023.
Hawwe jo in leech ynkommen en net folle fermogen?
Bygelyks omdat jo rûnkomme moatte fan in bystânsútkearing, stúdzjefinansiering of in AOW-útkearing? Dan hawwe jo miskien rjocht op frijskatting fan de ôffalstoffeheffing. De frijskatting jildt foar it fêste taryf en jo krije maksimaal € 59,12 frijskatting op it fariabele taryf.
Hoe betelje?
Betelje kin op de folgjende trije manieren:
- Jo machtigje de gemeente mei in automatyske ynkasso.
- Jo freegje in betellingsregeling oan.
- Jo meitsje sels it bedrach fan de oanslach nei ús oer:
- Rekkennûmer: NL10BNGH0285100343
- Ornearre foar: gemeente Ljouwert
- Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.
Betelje út it bûtenlân wei
Brûk dan by de oerboeking ús BIC: BNGHNL2G. Set it oanslachnûmer en subjektnûmer yn de omskriuwing. Hâldt der rekken mei dat in betelling út it bûtenlân langer duorje kin.
Net iens mei de oanslach ôffalstoffeheffing?
Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje. Tsjin ’e hichte fan it taryf kinne jo gjin beswier meitsje.
Offalcoach
Hawwe jo help nedich by it goed skieden fan jo ôffal? In ôffalcoach fan de Omrin kin jo tips jaan. Meitsje in ôfspraak fia afvalcoach@omrin.nl. Mear ynformaasje oer hokker regelingen der binne, fine op pagina Offal en Recycling.
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):
- Wet miljeubehear
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).
- Feroardering Offalstoffeheffing Ljouwert