Fluch oan:

Hoe meitsje jo beswier?

WOZ-wearde

Freegje earst in taksaasjeferslach WOZ op. Binne jo it nei it lêzen fan dit taksaasjeferslach noch net iens mei de WOZ-wearde? Meitsje dan in belôfspraak mei de taksateur.

Blykt dat jo WOZ-wearde oanpast wurde moat, dan dogge wy dat fuortdaliks.

Nei de belôfspraak noch net iens mei de WOZ-wearde?

Binne jo partikulier of ZZP’er? Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje. Jo hawwe in DigiD nedich.

Binne jo ûndernimmer en gjin ZZP’er? Meitsje beswier fia it formulier Beswier gemeentlike belestingen. Jo hawwe E-werkenning nedich.

OZB, Rioelheffing, Offalstoffeheffing, Hûnebelesting, Prekario (wenskippen)

Binne jo partikulier of ZZP’er? Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje. Jo hawwe in DigiD nedich.

Binne jo ûndernimmer en gjin ZZP’er? Meitsje beswier fia it formulier Beswier gemeentlike belestingen. Jo hawwe E-werkenning nedich.

Parkearbelesting, Prekariobelesting (gebrûk fan de wei), Prekariobelesting terras, Begraafrjochten, Toeristebelesting, Wettertoeristebelesting, Leezjes

Meitsje beswier fia it formulier Beswier gemeentlike belestingen. Tsjin ’e hichte fan it taryf kinne jo gjin beswier meitsje.

Ynrinsprekoere

Binne jo it net iens mei de WOZ-wearde? Jo kinne ek nei in ynrinsprekoere komme. Dan kinne jo persoanlik yn petear mei in taksateur.

Wêr en wannear?

Gemeentehûs, Aldehoustertsjerkhôf 2 yn Ljouwert

  • Tiisdei 12 maart fan 13:00 oant 17:00 oere.
  • Tongersdei 14 maart fan 13:00 oant 17:00 oere.

Nije Skalm, Ljipstrjitte 1 yn Stiens

  • Tiisdei 19 maart fan 13:00 oant 17:00 oere.

It Teehûs, Meersewei 9 yn Grou

  • Tongersdei 21 maart fan 13:00 oant 17:00 oere.

Beswier meitsje fia no-cure no-pay bedriuwen is net fergees.

In soad bedriuwen biede oan ‘fergees’ beswier te meitsjen tsjin de WOZ-wearde. Dat wurdt ‘no-cure no-pay’ neamd.

In beswier yntsjinje fia in no-cure no-pay bedriuw is net écht fergees.

As in beswierskirft kloppet en in bedriuw hat foar jo beswier makke, dan moat de gemeente in kostefergoeding betelje oan dat bediuw. Op dy manier fertsjinnet it no-cure no-pay bedriuw in soad jild oan de gemeente.

Uteinlik betelje jo dêr ek oan mei.

De gemeente moat dy kostefergoeding foar de no-cure no-pay bedriuwen ergens fan betelje. Wy moatte dan de belestingtariven ferheegje.

Moatte jo de oanslach wol of net earst betelje?

De oanslach ûnreplikesaakbelesting (OZB) moatte jo wol earst betelje.

De parkearboete (neiheffingsoanslach) hoege jo net te beteljen, oant der in beslissing nommen is. Stiet der ‘oankundiging fan beskikking’ op jo neiheffingsoanslach? Wachtsje oant jo in akseptgiro ûntfange fan it Centraal Justitieel Incasso Buereau (CJIB). Op de akseptgiro stiet hoe’t jo beswier yntsjinje kinne. Dat stiet ek op de boete sels.

Wannear krije jo antwurd op jo beswier?

Op syn lêst 31 desimber fan it jier dat jo beswier makke hawwe. Meitsje jo nei 19 novimber beswier? Dan krije jo binnen seis wike antwurd.