Fluch oan:

Slagget digitaal oanmelde of ôfmelde net?

Oanmelde slagget net

Download it formulier Oanjefte hûnebelesting (PDF, 114.45 KB) en ful yn. Stjoer it formulier nie de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Ofmelde slagget net

Download it formulier Ofmelde hûnebelesting (PDF, 105.52 KB) en ful yn. Stjoer it formulier nie de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe moat hûnebelesting betelle wurde?

Jo kinne de oanslach foar de hûnebelesting op ferskate manieren betelje:

  • Jo machtigje de gemeente mei in automatyske ynkasso.
  • Jo kinne in betellingsregeling oanfreegje.
  • Jo meitsje it bedrach fan de oanslach sels nei ús oer. Jo hawwe de folgjende gegevens nedich:
    • rekkennûmer: NL10BNGH0285100343;
    • op namme fan: Gemeente Ljouwert;
    • omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.

Betelje jo út it bûtenlân wei?

Notearje it BIC-nûmer: BNGHNL2G. Hâld der rekken mei dat it langer duorje kin foardat it bedrach by ús is.

Meastal betelje jo dan hûnebelesting.

As jo yn ien fan de folgjende gebieten wenje: Gebietsoersich hûnebelesting (PDF, 7,39 MB)

Wannear betelje jo gjin hûnebelesting?

  • Jo hûn is traind en wurdt brûkt as blinehûn en wûrd hâlden troch in blyn persoan.
  • Jo hûn is traind en wurdt brûkt as gehandicaptehûn en wûrd hâlden troch in persoan mei in beheining.
  • De hûn wennet yn in hûne-asyl.
  • Jo hawwe trije hûnen of mear dy’t jo tydlik hâlde om te ferkeapjen of ôf te leverjen Sa as bedoeld yn kêst 3.7, earste lid, fan it Beslút hâlders fan bisten.
  • Jo hûn is noch gjin 3 moannen âld en libbet by de memmehûn.
  • De hûn is fan immen bûten de gemeente. En wennet net langer as 3 moannen yn it belestingjier yn de gemeente Ljouwert.
  • As eigener fan de hûn wenje jo yn it bûtenfjild.

Mear situaasjes en ynformaasje fine jo yn de ‘Feroardering hûnebelesting Ljouwert’.

Kenneltaryf

Hawwe jo mear hûnen, dan betelje jo somtiden it kenneltaryf yn stee fan de ‘gewoane’ hûnebelesting. Dit kin allinnich as jo kennel ynskrean stiet by de Raad van beheer op kynologisch gebied.

Wêr wurdt de hûnebelesting foar brûkt?

De opbringst fan de hûnebelesting wurdt bygelyks brûkt om:

  • Wiken en doarpen skjin te hâlden;
  • Te soargen foar genôch plakken om de hûn(en) út te litten.

Kontrôle oan de doar

Wy kontrolearje regelmjittich of’t bewenners in hûn hawwe. Kontroleurs fan Legitiem BV dogge dizze kontrôles far ús. Binne jo net thús as de kontroleur by jo oan de doar komt? En sjocht of heart de kontroleur wol in hûn? Dan meldt de kontroleur jo hûn oan. Jo krije in oanslach foar hûnebelesting.

Kosten

  • 1e hûn € 81,90.
  • 2e hûn € 122,85.
  • 3e en folgjende hûn € 163,80.
  • Kennel € 245,70.

Dizze kosten binne per jier.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Gemeentewet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Feroardering Hûnebelesting Ljouwert