Parkearboete (neiheffingsoanslach)
Op in soad plakken yn de gemeente Ljouwert moatte jo betelje as jo jo auto parkeare. De parkearkontroleur skriuwt in boete (neiheffingsoanslach) út as it parkearkaartsje of de fergunning ûntbrekt, ferrûn is, it kaartsje net goed sichtber efter it foarrút pleatst is of der te min jild yn in parkearmeter dien is.
Wat is in neiheffing?
In neiheffing betsjut dat jo lykwols noch foar ien oere parkearjild betelje. Dêrneist betelje jo in boete. De hichte fan dy boete stiet yn de wet.
Op de oanslach stiet in nûmer. Dêroan kinne jo sjen op hokker datum en tiid de kontroleur de boete útskreaun hat. De earste seis sifers fan it nûmer binne de datum.
Hoe betelje ik in neiheffing?
Betelje de neiheffingsoanslach binnen 30 dagen nei de datum dy’t op de brief stiet.
Dat is de datum dêr’t wy de oanslach op ferstjoerd hawwe. Net de datum fan de parkearflater.
Meitsje it bedrach oer nei:
- Bankrekkennûmer NL10BNGH0285100343.
- Op namme fan: Gemeente Ljouwert.
- Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.
Betelje jo út it bûtenlân wei?
Notearje it BIC-nûmer: BNGHNL2G. Hâld der rekken mei dat it langer duorje kin foardat it bedrach by ús is.
Betelje jo net op ’e tiid?
Dan moatte jo ynfoarderingskosten betelje en mooglik ek ynfoarderingsrinte. Dy rinte berekkenje wy fan de dei nei’t jo op syn lêst betelje moatten hiene ôf, oant de dei dat jo betelje.
Net iens mei de neiheffingsoanslach?
Meitsje beswier tsjin jo parkearboete. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Beswier meitsje tsjin gemeentlike belestingen.