Rioel- en Wettersoarchheffing
Jo betelje Rioel- en Wettersoarchheffing as jo eigener of brûker binne fan in ‘wenning’ of ‘net-wenning’. In ‘net-wenning’ is bygelyks in bedriuw, winkel, kantoar, garaazjeboks of in stik grûn. Hjirmei betellet de gemeente it ôffieren en suverjen fan húshâldlik ôffalwetter en reinwetter en de klimaatmaatregels.
Rioel- en Wettersoarchheffing
Yn 2024 bestiet de rioelheffing út twa dielen: in rioeltaryf en in wettersoarchtaryf. Betellen jo yn 2023 al rioelheffing? Dan betelje jo foar de rioelheffing yn 2024 in rioeltaryf en in wettersoarchtaryf. Betellen jo yn 2023 gjin rioelheffing? Dan betelje jo yn 2024 allinnich in wettersoarchtaryf.
Wêrom moat ik Rioel- en Wettersoarchheffing betelje?
Rioeltaryf
Jo betelje it rioeltaryf om’t jo in rioeloansluting hawwe. Mei de ynkomsten út it rioeltaryf betelje wy it ûnderhâld en ferfangen fan de riolearring. Sa soargje wy derfoar dat jo jo ôffalwetter altyd sûnder problemen kwyt kinne.
Wettersoarchtaryf
Jo betelje it wettersoarchtaryf om’t elkenien foardiel hat by de maatregels dy’t de gemeente nimt om wetteroerlêst yn de iepenbiere romte tefoaren te kommen. Troch klimaatferoaring hawwe wy te krijen mei ekstremer waar. Troch swiere buien kin de berikberens ferminderje en kinne wichtige funksjes lykas de stroomfoarsjenning útfalle. De gemeente nimt maatregels om diken berikber te hâlden en skea troch wetteroerlêst tefoaren te kommen. Tink hjirby oan it oanlizzen fan reinwetterrioelen, it graven fan mear sleatten en fivers of it meitsjen fan wetterberging ûnder de ryddyk of yn grienstroken. Sa kinne wy oerstallich wetter ôffiere en hâldt elkenien drûge fuotten.
Yn de Ynfographic rioel- en wettersoarchheffing (PDF, 2.95 MB jouwe wy jo mear útlis.
Hoefolle moat ik betelje?
Hoefolle oft jo betelje, hat te meitsjen mei ferskillende saken. It bedrach dat jo betelje moatte, hinget der bygelyks fanôf oft jo hierder of eigener fan in gebou binne. Ek jo WOZ-wearde en jo wetterferbrûk hawwe ynfloed.
Utlis wettersoarchtariven
Foar wenningen likegoed as foar net-wenningen binne der wettersoarchtariven foar de eigener en de brûker.
- Binne jo eigener? Dan betelje jo it eigenersdiel. De hichte fan it taryf hinget ôf fan de WOZ-wearde.
- Hiere jo in wenning? Dan betelje jo allinnich it brûkersdiel. Dat is in fêst taryf.
- Binne jo eigener én brûker? Dan betelje jo likegoed it brûkersdiel as it eigenersdiel.
Utlis rioeltariven wenning
Foar in wenning bestiet it rioeltaryf út in brûkersdiel en in eigenersdiel.
- Binne jo eigener? Dan betelje jo it eigenersdiel. De hichte fan it taryf hinget ôf fan de WOZ-wearde fan jo wenning.
- Hiere jo in wenning? Dan betelje jo it brûkersdiel. De hichte fan it taryf hinget ôf fan it tal minsken dat yn jo hûs wennet.
- Binne jo eigener én brûker? Dan betelje jo likegoed it eigenersdiel as it brûkersdeil.
Utlis rioeltariven net-wenning
Foar in net-wenning bestiet it rioeltaryf út in brûkersdiel en in eigenersdiel. Net-wenningen binne bygelyks winkels, kantoaren en fabriken.
- BInne jo eigener fan in net-wenning? Dan betelje jo it eigenersdiel. De hichte fan dit taryf hinget ôf fan de WOZ-wearde fan jo net-wenning.
- Binne jo hierder of gebrûker fan in net-wenning? Dan hinget it taryf ôf fan hoefolle drinkwetter oft jo ferbrûke. Wy brûke hjirfoar itselde drinkwettergferbrûk dat jo ek by Vitens betelje. Ek as jo gjin direkte oansluting hawwe op it rioel, betelje jo dochs in rioeltaryf. Jo betelje dan it leechste taryf.
Hoe betelje ik it Rioel- en Wettersoarchtaryf?
Jo kinne it rioeltaryf en it wettersoarchtaryf op ferskillende wizen betelje:
- Jo machtigje de gemeente mei in automatyske ynkasso.
- Jo freegje in betellingsregeling oan.
- Jo meitsje it bedrach fan de oanslach sels nei ús oer. Jo hawwe de folgjende gegevens nedich:
-
- Rekkennûmer: NL10BNGH0285100343.
-
- Op namme fan: gemeente Ljouwert
-
- Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.
Betelje jo út it bûtenlân wei?
Notearje it BIC-nûmer: BNGHNL2G. Hâld der rekken mei dat it langer duorje kin foardat it bedrach by ús is.
Kosten
Rioeltaryf eigener
As % fan de WOZ-wearde 0,00905%.
Wettersoarchtaryf eigener
As % fan de WOZ-wearde 0,01320%.
Rioeltaryf brûker
- Wenning-Ienpersoanshúshâlden: € 64,59.
- Wenning-Mearpersoanshúshâlden: € 96,88.
- Net-wenning oant en mei 10 m3 wetterferbrûk: € 73,09.
- Net-wenning 11 oant en mei 250 m3: € 219,49.
- Net-wenning: elke folgjende folle ienheid fan 250 m3 wetterferbrûk: € 219,49.
- Rekreaasjewenning: € 48,44.
Wettersoarchtaryf gebrûker
- Fêst taryf € 12,39.
Wat bart der by ferkeap of ferhuzing?
It objekt krijt in oare eigener
Dit hat gjin gefolgen foar de Rioel- en Wettersoarchheffing fan datselde jier. De persoan dy’t op 1 jannewaris eigener is, betellet it eigenerspart foar it hiele jier. De notaris ferrekkenet it part foar de perioade dat jo gjin eigener mear binne. De hichte fan it bedrach hinget ôf fan de datum fan de ferkeap.
De brûker ferhuzet
As jo ferhúzje nei in plak bûten de gemeente Ljouwert, hoege jo as brûker gjin rioelheffing mear te beteljen. Dat jildt sa gau as jo ferhúzje en foar elk objekt.
Net iens mei de oanslach Rioel- en Wettersoarchheffing
Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje. Tsjin ’e hichte fan it taryf kinne jo gjin beswier meitsje.
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):
- Gemeentewet
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Feroardering Rioelheffing Ljouwert