Wettertoeristebelesting, oanjefte dwaan
Jo betelje belesting as jo tsjin fergoeding in lisplak (foar in fartúch) oanbiede foar ferbliuw. Gasten dy’t net ynskreaun steane yn ’e gemeente Ljouwert, betelje wettertoeristebelesting. Bern ûnder de 5 jier hoege gjin wettertoeristebelesting te beteljen. Jo drage de toeristebelesting ôf oan ’e gemeente.
Foarbylden fan ferbliuw op it wetter
- Alle foarmen fan oanlizzen yn in (jacht)haven dêr’t foar betelle wurde moat.
- Ferhier fan in lisplak. Bygelyks by in camping.
Wannear hoege jo gjin wettertoeristebelesting ôf te dragen?
- Foar gasten ûnder 5 jier.
- Foar kano’s, roeiboaten of folchboaten.
- Foar motorboaten en sylboaten dy’t koarter binne as 4 meter.
- Foar boaten mei in fêst lisplak. Dy’t brûkt wurde foar stâljen. Dêr’t gjin ferbliuw yn mooglik is.
- Foar boaten yn in boathûs. Dy’t brûkt wurde foar stâljen. Dêr’t gjin ferbliuw yn mooglik is.
Wannear dogge jo oanjefte?
Wit de gemeente al dat jo wettertoeristebelesting ôfdrage moatte?
Dan krije jo yn desimber of jannewaris berjocht fan ús om oanjefte fan wettertoeristebelesting te dwaan.
Wit de gemeente noch net dat jo in boat of lisplak ferhiere?
Dan moatte jo jo earst oanmelde by belastingen@leeuwarden.nl. Jou jo namme, adres en it plak fan jo boat of lisplak troch.
Wat bart der nei jo oanjefte?
Wy beoardielje jo oanjefte en berekkenje hoefolle wettertoeristebelesting oft jo ôfdrage moatte. Jo krije hjir berjocht fan.
Net iens mei de oanslach wettertoeristebelesting?
Mear ynformaasje fine jo op de pagina Beswier meitsje tsjin gemeentlike belestingen.
Kosten
Wettertoeristebelesting
- € 1,65 per persoan per perioade fan 24 oeren.
- Bern oant 5 jier hoege gjin Wettertoeristebelesting te beteljen.
Fêste kosten
- Fêste lisplakken dêr’t ferbliuw mooglik is, € 66,- per jier.
- Wenarken dy’t langer as ien moanne op in fêst lisplak lizze, € 222,75 per jier.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- feroardering wettertoeristebelesting Ljouwert