Oanjefte berte
Oanjefte fan de berte dogge jo yn de gemeente dêr’t jo berntsje berne is. Doch dit binnen 3 dagen nei de befalling. De bertedei telt net mei. Digitaal oanjefte dwaan kin allinnich as jo de âlder/âlden fan it berntsje binne.
Wat hawwe jo nedich by in digitale oanjefte?
- DigiD ynloggegevens fan de âlder/âlden.
- Alder/aldên stiet/steane ynskreaun yn in gemeente yn Nederlân.
- Ferklearring fan berte. Dy krije jo fan it sikehûs of jo ferloskundige. Dat is it kaartsje dat jo by de berte krije mei in rôs of blau strikje deroan.
- In úttreksel fan de erkenningsakte (as jo dy hawwe).
- In akte fan nammekar (as jo dy hawwe).
- In anonime donorferklearring (as jo dy hawwe). Ofjûn troch Stichting Donorgegevens Kunstmatige Bevruchting.
Jo berntsje byskriuwe yn it trouboekje of partnerskipsboekje
Kom lâns op it gemeentehûs en nim jo trouboekje of partnerskipsboekje mei.
Wolle of kinne jo net digitaal oanjefte dwaan?
Meitsje dan in ôfspraak om lâns te kommen op it gemeentehûs.
Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs
- Jo legitimaasjebewiis.
- In kopy fan de erkenningsakte (as jo dy hawwe).

- Jo trouboekje of partnerskipsboekje (as jo dy hawwe).
Wa mei oanjefte dwaan?
- De heit of mem fan it berntsje.
- Immen dy’t by de berte oanwêzich wie.
- In bewenner fan it hûs dêr’t it berntsje berne is.
- It haad, of immen mei in folmacht, fan de ynrjochting dêr’t it berntsje berne is. Bygelyks it sikehûs of de finzenis.
- De boargemaster, of in troch de boargemaster oanwiisde amtner, fan de gemeente dêr’t it berntsje berne is. Dit bart as der gjin persoanen binne dy’t oanjefte dwaan meie.
Hat jo berntsje net de Nederlânske nasjonaliteit?
Miskien moatte jo dan in ferbliuwsfergunning oanfreegje. Mear ynformaasje fine jo op de website fan de Ymmigraasje en Naturalisaasjetsjinst (IND).