Eveneminten en beskerming fan de natuer
Mei yngong fan 1 jannewaris 2023 wurdt in eveneminte-oanfraach op in oare wize behannele. Eveneminten dy’t tichtby of yn in Natura 2000-gebiet organisearre wurde, moatte dan rekken hâlde mei de beliedsregels fan de Provinsje. De Provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar de natuerbeskerming ûnder de Omjouwingswet.
Wat is der feroare?
De regels soargje derfoar dat der op ’e tiid oerlis is tusken organisatoaren fan eveneminten en de Provinsje Fryslân. Hjirtroch krijt de Provinsje foldwaande tiid om mei te tinken. En, as dat nedich is, tastimming te ferlienen foar in evenemint tichtby of yn in Natura 2000-gebiet.
Wannear giet de nije wet yn?
Mei yngong fan 1 july 2023. Organisatoaren fan grutte eveneminten krije op dizze wize foldwaande tiid om in oanfraach yn te tsjinjen.
Eveneminten mei in soad ympakt op de natuer.
De eveneminte-oanfraach moat 6 moannen foar it evenemint by de Provinsje Fryslân binnen wêze.
It giet om eveneminten dy’t:
- mear as 2000 besikers deis lûke;
- gebrûk meitsje fan fersterke lûd en keunstljocht;
- meardere dagen duorje;
- trochgean yn ’e jûn (nei 18:00 oere) en;
- yn of tichtby in Natura 2000-gebiet organisearre wurde.
Yn de measte gefallen is foar it evenemint dúdlik dat der gjin skea ûntstiet oan beskerme natuer. Nim by twivel kontakt op mei de Provinsje Fryslân.
Oare eveneminten
Falt jo evenemint net ûnder boppeneamde opsomming? Miskien ha jo dochs tastimming nedich fan de Provinsje Fryslân. Nim kontakt op mei de Provinsje Fryslân foar advys. Hâld rekken mei in oanfraachperioade fan 13 wiken.
Fergunning Gebietsbeskerming oanfreegje
Hoe’t jo de fergunning oanfreegje, kinne jo sjen op de website fan de Provinsje Fryslân. Ek fine jo hjir mear ynformaasje en tips. Om rekken te hâlden mei de natuer.