Evenemintekalinder
Wolle jo witte hokker eveneminten der dit jier yn de gemeente Ljouwert binne? Jo fine dy op de Evenemintekalinder.
Evenemintekalinder 2025
De eveneminten foar 2025 yn de gemeente Ljouwert binne bekend. Jo fine dy op de Evenemintekalinder 2025.
Jo evenemint ek op de kalinder?
Jou jo evenemint digitaal troch fia it formulier Fersyk ta pleatsing evenemintekalinder. Jo evenemint op de kalinder sette litte is fergees.
Jo evemint trochjaan
Trochjaan moat tusken 1 jannewaris en 1 septimber yn it jier foardat it evenemint. It is ferplicht foar eveneminten mei mear as 2.000 besikers. In oanfraach foar evenminten op krap beskikbere lokaasjes (Aldehoustertsjerkhôf, Wilhelminaplein en Prinsetún) moatte jo ek trochjaan. De oanfragen wurde beoardiele neffens it ‘Ofwagingsramt foar de fersiken ta pleatsint op de Evenemintekalinder’ fia Overheid.nl.
Fêststellen Evenemintekalinder
De Boargemaster stelt uterlik yn desimber yn it jier foardat it evenmint is de Evenemintekalinder fêst. Jo krije per e-mail berjocht oft jo evenemint pleatst is. Oanfregers fan eveneminten dy’t net pleatst wurde kinne, wurde telefoanysk benadere. Der wurdt sjoen oft in oare lokaasje of datum mooglik is. Slagget dat net, kin it evenmint net pleatst wurde. In evenemint dat pleatst wurdt op de Evenemintekalinder, komt yn oanmerking foar in krappe evenmintefergunning.
Krap beskikbere evenemintelokaasjes yn Ljouwert
Dat binne it Aldehoustertsjerkhôf, Wilhelminaplein en de Prinsetún. Op it Aldehoustertsjerkhôf en it Wilhelminaplein is der mear fraach nei eveneminten mei in swiere lûdsûntheffing, wêrtroch’t dit krap beskikbere lokaasje binne.
12 dagen-regeling
Let op de hichte fan de lûdsnivo’s, it oantal eveneminten, de lokaasjes en de dagen dêr’t in evenemint op holden wurdt, hantearje wy per evenemintelokaasje (útsein de Prinsetún) in 12 dagen-regeling. Der kin per lokaasjes maksimaal 12 dagen yn it jier in lûdsûntheffing ferliend wurde as in evenmint in lûdsnivo hat fan 75dB(A) of mear of hielendal of foar in part holden wurdt nei 19:00 oere of op in snein. Mear ynformaasje oer dizze lokaasjes fine jo op ús webside ûnder lokaasjeprofilen eveneminten.
20 dagen-regeling
Yn de Prinsetún binne maksimaal 20 eveneminten fan in dei yn it jier mooglik mei in lûdsnivo fan maksimaal 75dBa. Hjir binne gjin swiere lûdsûntheffingen mooglik. Foar mear ynformaasje oer regels omtrint it lûd en it mjitten fan de lûdsnoarmen ferwize wy nei de ‘Beliedsregel lûd Eveneminten yn de iepen loft 2022’, te finen op Overheid.nl.
Jo evenemint stiet op de Evenemintekalinder
Mear ynformaasje oer de proseduere en yntsjinningsfereasken fan de oanfraach en eventuele oanfullende ûntheffingen lêze jo yn ’e folder Evenemintekalinder pleatsing.
Evenminteloket
Hawwe jo fragen oer de Evenemintekalinder? Nim kontakt op mei it eveneminteloket, by foarkar per e-mail, fia vergunningen@leeuwarden.nl.
Wat is der mear te dwaan yn de gemeente Ljouwert?
Mear ynformaasje oer bygelyks tentoanstellingen, musea, hoareka, aktiviteiten mei bern en stedskuiers fine jo op de website Visit Leeuwarden en op de website fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
Jo evenemint ek op Visit Leeuwarden?
Meld jo evenemint oan. Lokale eveneminten wurde net op de aginda set. Dit is bygelyks in buertbarbekjû.
Oansizzingen en ferliende evenemintefergunningen ynsjen?
Gean nei webside Overheid.nl of let op de berjochten yn wykblêd Huis-aan-Huis.
Wolle jo op ’e hichte bliuwe?
Skriuw jo dan yn foar ús digitale nijsbrief. Jo krije 3 oant 4 kear yn it jier in e-mail fan ús. Mei de digitale nijsbrief hâlde wy jo op ’e hichte fan alle ûntwikkelingen om evenemintefergunningen yn de gemeente Ljouwert hinne.
Mear ynformaasje?
Mear ynformaasje fine jo op de pagina Eveneminten. Bygelyks oer:
- Evenemint organisearje.
- Tagonklikens fan eveneminten.
- Lokaasjeprofyl eveneminten.
- Ferkearsregelers by eveneminten.
- Oerlêst troch eveneminten.
- Eveneminten en beskerming fan de natuer.