Fluch oan:

Digitaal tagonklike ynformaasje

Soargje dat de ynformaasje op jo website en yn jo folders digitaal tagonklik is. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op de websites Digitoegankelijk en Drempelvrij.

Ferfier en berikberens

  • Soargje foar parkearplakken binnen 50 meter fan de yngong.
  • Let op de breedte fan tagongswegen. Dy moat minimaal 1.20 meter wêze.
  • Tink nei oer in oplossing foar hoe’t immen wer thús komt nei in evenemint en by kalamiteiten fuortkomme kin.

Op it eveneminteterrein sels

  • Soargje foar in hurde, flakke en slipfrije ûndergrûn. Sawol op it eveneminteterrein sels, as dêromhinne. Sadat immen yn in rolstoel rûnom komme kin.
  • Soargje foar hichteferskillen fan maksimaal 20 mm.
  • Meitsje hellingen net steiler as 5%.
  • Meitsje in trochgong minimaal 1.20 meter breed.
  • Soargje dat minsken mei in beheining ek de artysten op it poadium sjen kinne.
  • Soargje foar foldwaande romte foar rolstuollen (90 sm breed en 1.20 meter djip) en in sitplak foar in begelieder.
  • Soargje foar dúdlike buorden dy’t it paad wize. Dy moatte ek lêsber wêze út in rolstoel wei. Brûk piktogrammen as dat mooglik is.
  • Meitsje kassa’s en útjeftepunten maksimaal 1 meter heech. Bygelyks foar drankjes, muntsjes en iten.
  • Soargje foar oanpaste wc’s yn ’e buert.

Mear ynformaasje oer eveneminten?

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Eveneminten. Bygelyks oer:

  • Evenemint organisearje.
  • Evenemintekalinder.
  • Lokaasjeprofyl eveneminten.
  • Ferkearsregelers by eveneminten.
  • Oerlêst troch eveneminten.
  • Eveneminten en beskerming fan de natuer.