Fluch oan:

Eveneminteferkearsregelers

Dizze ferkearsregelers begeliede it ferkear by eveneminten. Jo meie eveneminteferkearsregeler wurde as jo 16 jier of âlder binne.

Wa regelet de eveneminteferkearsregelers?

De organisator moat sels de nedige ferkearsregelers regelje. Faak binne dat frijwilligers dy’t belutsen binne by in evenemint, mar ferkearsregelers kinne harsels ek oanmelde fia de website Verkeersregelaarsexamen.

Wat kostet de e-learning en de oanstelling fan in eveneminteferkearsregeler?

Der binne gjin kosten ferbûn oan de e-learning en de oanstelling. Der binne ferskillende ynstânsjes dy’t hjir finansjeel oan bydrage.

Hoe lang is de oanstelling jildich?

De oanstelling jildt foar maksimaal ien jier. Yn it ferline koenen je oansteld wurde foar de doer fan ien evenemint; dit is net mear sa.

Beropsferkearsregelers

Dizze ferkearsregelers wurde ynhierd fia in bedriuw en hawwe in diploma foar ferkearsregeler. Jo meie beropsferkearsregeler wurde as jo 18 jier of âlder binne.

Mear ynformaasje oer eveneminten?

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Eveneminten. Bygelyks oer:

  • Evenemint organisearje.
  • Evenemintekalinder.
  • Tagonklikens fan eveneminten.
  • Lokaasjeprofyl eveneminten.
  • Oerlêst troch eveneminten.
  • Eveneminten en beskerming fan de natuer.