Fluch oan:

It omjouwingsplan is noch net klear

Boargemaster en wethâlders nimme yn de earste moannen fan 2024 in beslút oer it omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd. Dêrnei kinne jo jo miening deroer jaan. Dat hjit ynsprekke. Dêrnei nimt de gemeenteried in beslút oer it omjouwingsplan.

Pre-Omjouwingsplan

Der is al wol in foarriedich omjouwingsplan foar Ljouwert-Bûtengebiet Súd. Dit hyt in pre-omjouwingsplan. It pre-Omjouwingsplan wie bedoeld om yn petear te gean mei bewenners en belanghawwers. Wat is goed en wat kin better?
Yn 2021 is it pre-omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd fêststeld.

Omjouwingseffektrapportaazje (OER)

De folgjende stap nei it Omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd is it opstellen fan de OER. Dit is in wiidweidige ferzje fan de ‘Miljeu-effektrapportaazje’ (MER).
De OER is de basis foar it úteinlike Omjouwingsplan. Tegearre mei it pre-Omjouwingsplan en de Notysje Boustiennen Omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd.

Notysje Draachwiidte en Detailnivo (NRD).

Yn de NRD wurdt útlein wat yn de OER wol en net ûndersocht wurdt. Hjirmei bepaalt de NRD de ‘draachwiidte’ fan de OER.
Ek wurdt útlein hoe’t it ûndersyk foar de OER útfierd wurdt. Hjirmei bepaalt in NRD it ‘detailnivo’ fan de OER.

Wêrom in NRD?

De gemeente Ljouwert kiest foar in OER yn stee fan de MER. De reden dêrfoar is de ynhâld fan it Omjouwingsplan. Dy is grutter as dy fan in bestimmingsplan. Ek wurdt ûndersocht hoe’t sûnens, leefberens, it sosjaal-ekonomyske en lânboukundige effekt ferwurke wurde kin yn de OER.

Mear ynformaasje fine jo yn de dokuminten Notysje draachwiidte en detailnivo en de Reaksjenota op it Konsept NRD.

Wat is der oant no ta dien?

Maart 2023

De Kommisje foar de miljeu-effektrapportaazje hat in advys útbrocht oer de tuskenresultaten fan it Omjouwingsrapport (OER). De Kommisje reagearret yn it advys op it ûndersyk en docht in tal oanbefellings.

Desimber 2022

Op 7 desimber 2022 hat der in dialoochsesje west foar boeren yn it feangreidegebiet fan it Grouster Leechlân.

Se krigen de earste resultaten te sjen fan it NRD-ûndersyk. Se koenen reagearje op de earste konklúzjes en ynbring jaan oer hoe’t se de takomst fan harren boerebedriuw sjogge.

Septimber 2021

Febrewaris 2021

Bewenners en belanghawwers koenen reagearje op it pre-Omjouwingsplan. Troch dizze reaksjes is it pre-Omjouwingsplan oanpast.

Juny 2021

Op 15 juny 2021 is it ‘pre- omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd’ fêststeld. Yn it Riedsfoarstel binne ek de winsken en betinkingen fan de gemeenteried ferwurke.

Septimber 2018

Yn ’e mande mei bewenners, ûndernimmers en (maatskiplike) organisaasjes yn it Bûtengebiet Súd is wurke oan it pre- omjouwingsplan. Dat waard dien yn de wurkateliers ‘Romte foar Romte’: Wat hjir besprutsen is, fine jo werom yn it Ferslach ‘Wurkatelier’ op 13, 18, 20 septimber 2018.

Maaie 2018

Mei de ynformaasje fan de dialoochsesjes yn 2017 is in Rjochtingjaand Dokumint 2018 opsteld en fêststeld:
Wat bepraat is ûnder dizze dialoochsesjes, fine jo werom yn it Ferslach Ynformaasjejûn Rjochtingjaand dokumint 19 april 2018

Juny oant en mei oktober 2017

De gemeente en ynwenners, ûndernimmers en belanghawwers hawwe ferskillende petearen hân oer it ‘Omjouwingsplan Ljouwert-Bûtengebiet Súd’.

April 2017

Mei it Startdokumint 2017 (PDF, 2.25 MB) waard it startsein jûn om mei ynwenners, ûndernimmers en belanghawwers fan Ljouwert-Bûtengebiet Súd yn petear te gean. Oer wat wichtich is yn harren (leef)omjouwing.

Fragen of mear ynformaasje?

Stjoer in e-mail nei vergunningen@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.