Omjouwingsfyzje
Yn in Omjouwingsfyzje stiet wat de romtlike fysike ûntwikkeling fan ús gemeente de earstfolgjende jierren is. Mar ek hokker ambysje de gemeente hat foar ús stêd, doarpen en bûtengebiet. Yn de fyzje stiet hoe’t wy ús leefomjouwing beskermje, ûntwikkelje en ynrjochtsje moatte.
Fergrienje, ferbine, ferweardzje
Dizze 3 wurden jouwe oan wat wy wolle mei ús Omjouwingsfyzje. En hoe’t wy ús gemeente de kommende tsientallen jierren ûntwikkelje wolle.
Fergrienje
Wy wolle ús leefomjouwing brûke sûnder skealike útstjit en mei safolle mooglik wergebrûk fan grûnstoffen. Wy passe ús oan oan it feroarjende klimaat. Hjirmei wolle wy de gefolgen fan de klimaatopwaarming helpe op te fangen. En bydrage oan in sûne en skjinne leefomjouwing. Dêr’t mear bioferskaat is.
Ferbine
Dit stiet foar de huzen, diken, spoarlinen en kabels yn ús gemeente. Ek wol de fysike ynfrastruktuer neamd. Dy ynfrastruktuer soarget derfoar dat wy elkoar moetsje en ús mei elkoar ferbine kinne.
Ferweardzje
Wy wolle fan wearde wêze foar de ynwenners fan ús gemeente. Dy wearde berikke wy net perfoarst yn de foarm fan ekonomyske groei, mar mear as ‘brede wolfeart’. Wy fine bygelyks wolwêzen wichtiger as wolfeart. Minsken wichtiger as goed en guod. En kwaliteit wichtiger as kwantiteit.
Wat is der oant no ta dien?
Desimber 2021
De gemeenteried stelt op 22 desimber de Omjouwingsfyzje fêst. Ek troch rekken te hâlden mei yntsjinne sjenswizen is de Omjouwingsfyzje wizige fêststeld.
Septimber en oktober 2021
De ûntwerp-Omjouwingsfyzje leit fan 9 septimber oant en mei 20 oktober 6 wiken op besjen. Der wurde 16 sjenswizen yntsjinne.
Augustus 2021
Boargemaster en wethâlders stelle op 31 augustus de ûntwerp-Omjouwingsfyzje fêst.
Novimber 2020 oant augustus 2021
Ynwenners, ûndernimmers en belanghawwers hawwe in útnûging krigen. Om mei te tinken by it skriuwen fan de Omjouwingsfyzje. Ek is frege wat der better kin.
April 2020
Positionpaper Omjouwingsfyzje is fêststeld. De gemeenteried is ferteld wat der út de dialoochsesjes mei ynwenners en ûndernimmers kommen is. Der is goed sjoen oft de ûnderwerpen, dy’t de gemeenteried sels wichtich fynt, straks yn de Omjouwingsfyzje besprutsen wurde. De konklúzje is dat der in goed fertrekpunt leit om de folgjende stap te setten. Yn ’e mande mei ynwenners, ûndernimmers en belanghawwers.
Oktober en novimber 2019
Der binne 3 dialoochsesjes organisearre. Yn ’e mande mei ynwenners, ûndernimmers en belanghawwers is de gemeente yn petear gien oer de Omjouwingsfyzje. Der is sprutsen oer de folgjende 3 tema’s:
- Ljouwert is yn 2028 it hert fan in bysûndere blaugriene regio. Wêr tinke wy oan?
- Ljouwert is yn 2028 in sterke ekonomyske gemeente yn Noard-Nederlân en Europa.
- It is goed libjen yn de gemeente yn 2028.
Yn in filmke sjogge jo in gearfetting. Of jo lêze de gearfetting per dialoochsesje yn de folgjende dokuminten:
- Gearfetting dialoochsesje 7 novimber 2019
- Gearfetting dialoochsesje 31 oktober 2019
- Gearfetting dialoochsesje 10 oktober
Oktober 2019
De ôftraap fan ‘Positionpaper Omjouwingsfyzje’. As tarieding op it útwurkjen fan de Omjouwingsfyzje hat ús gemeente earst neitocht oer mooglike ûnderwerpen, ambysjes en ûntwikkelingen. Dy binne gearfette yn 3 tema’s en útwurke yn de notysje ‘Ljouwert yn 2028 – De ôftraap foar in Ljouwerter Omjouwingsfyzje’: Positionpaper Omjouwingsfyzje Ljouwert
Foar’t de Omjouwingsfyzje makke wurdt, freegje wy ús ynwenners, ûndernimmers en belanghawwers fia dialoochsesjes wat sy fan dizze tema’s fine. Hokker ûnderwerpen binne wichtich?
Meitinke oer jo omjouwing?
Binne jo in ynwenner, ûndernimmer, doarpsried, wykried, maatskiplike organisaasje, of binne jo op in oare wize belutsen by jo omjouwing? Tink mei oer de ynfiering fan de Omjouwingswet. Troch aktyf oer plannen mei te praten, of troch oare oplossings en ideeën yn te bringen. Dat neame wy partisipaasje.
Oanmelde om mei te tinken?
Stjoer in e-mail nei: vergunningen@leeuwarden.nl.
Mear útlis oer partisipaasje by de Omjouwingswet?
Mear útlis fine jo yn in filmke.
Fragen of mear ynformaasje?
Stjoer in e-mail nei vergunningen@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.