Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde
As jo wat feroarje wolle oan jo wenomjouwing, hawwe jo soms in omjouwingsfergunning nedich of jouwe jo in melding troch. Bygelyks as jo fan doel binne om te bouwen, ferbouwen, útwreidzjen, slopen, of beammen te kappen. Wannear freegje jo in fergunning oan? Wannear jouwe jo in melding troch?
Fergunningecheck
Jo hawwe in plan. Mei de Fergunningecheck op it Omjouwingsloket kontrolearje jo oft jo foar jo wurksumheden in omjouwingsfergunning oanfreegje moatte, of in melding trochjaan moatte.
Doch de check foar al jo wurksumheden
Kappe jo in beam om in útwei oan te lizzen? Folje dan foar beide aktiviteiten de fergunningecheck yn.
De resultaten fan de check jouwe gjin garânsje of rjochten. Wolle jo wis wêze oft jo in fergunning nedich hawwe? Tsjinje dan in oanfraach omjouwingsfergunning yn. Wy kontrolearje dan oft jo in fergunning oanfreegje moatte.
Is de útkomst ‘Nim kontakt op mei jo gemeente’?
Is de útkomst, troch de reden floara-en-fauna of Natura 2000-aktiviteit, dat jo kontakt opnimme moatte mei de gemeente? Nim dan kontakt op mei de Provinsje Fryslân en net mei de gemeente. De gemeente Ljouwert giet hjir net oer.
Konseptfersyk
Earder hjitte dit foaroerlis, sketsplan of prinsipefersyk.
Jo kinne in oanfraach as konseptfersyk yntsjinje fia it Omjouwingsloket. Wy litte jo dan witte hoe grut de kâns is dat jo oanfraach goedkard wurdt. By stap 7 yn it Omjouwingsloket kinne jo kiezen om jo oanfraach as konseptfersyk yn te tsjinjen. Jo meie in konseptfersyk yntsjinje, mar dit hoecht net.
It yntsjinjen fan in konseptfersyk kostet jild. Jo krije dy kosten werom as jo in omjouwingsfergunning oanfreegje.
De kosten dy’t jo miskien meitsje foar wolstânsadvys krije jo net werom.
Definitive oanfraach of melding yntsjinje
Jo tsjinje de definitive oanfraach of melding yn fia it Omjouwingsloket. Tsjinje de oanfraach kompleet yn. Dat foarkomt fertraging. Soargje dat der gjin privacygefoelige gegevens yn de bylage stean. Bygelyks jo namme, adres of BSN. It yntsjinjen fan in oanfraach kostet jild.
Jo krije in automatyske ûntfangstbefêstiging fan it Omjouwingsloket. Wy stjoere dêrnei ek noch in ûntfangstbefestiging. Sa binne jo der wis fan dat jo oanfraach by ús binnenkommen is.
Ekstra ynformaasje yntsjinje?
Giet it om in fergunningsoanfraach? Gean nei Myn Omjouwingsloket. Heakje de ynformaasje ta ûnder itselde fersyknûmer.
Giet it om in melding? Dan is it net mooglik de ynformaasje ta te heakjen. Wy wize jo melding ôf en litte jo witte dat jo in nije melding yntsjinje moatte.
Proseduere Melding
Meastal moatte jo in melding dwaan 4 wike foar’t jo begjinne mei de aktiviteit. Soms kin in oare termyn jilde. Dat stiet op de aksjelist dy’t jo krije nei’t jo de fergunningecheck ynfuld hawwe.
Is de melding kompleet? Dan krije jo fan ús berjocht.
Proseduere fergunningsoanfraach
Wy litte jo witte oft wy jo oanfraach beoardielje meie. Binne wy net de ynstânsje dy’t beslist? Dan stjoere wy jo oanfraach troch. Ek jouwe wy oan hokker proseduer jildt:
Reguliere proseduere
- Dizze proseduere duorret maksimaal 8 wiken. Dizze perioade kin 1 kear ferlinge wurde mei 6 wike.
- Wy toetse jo oanfraach neffens de wetlike regels. Soms freegje wy advys oan in oare organisaasje. Bygelyks it Wetterskip of de Wolstânskommisje.
- Foldocht jo oanfraach oan de regels fan de wet? Dan stjoere wy jo in ôfskrift fan de fergunning. Wy publisearje de fergunning online.
Wiidweidige proseduere
- De proseduere duorret maksimaal 6 moannen. Dizze perioade kin 1 kear ferlinge wurde mei 6 wike.

- Foldocht jo oanfraach oan de regels fan de wet? Dan wurdt der earst in ûntwerpfergunning opsteld. Dy leit op besjen. Dat betsjut dat elkenien de fergunning ynsjen kin.
- Foar oanfragen oant en mei 2023 kinne jo in fersyk yntsjinje om yn te sjen. Binnen 3 dagen lizze de frege stikken dan op ynsjen by de baalje yn it gemeentehûs yn Ljouwert.
- Oanfragen fan 2024 ôf kinne jo ynsjen fia Overheid.nl.
- Wol immen reagearje? Dan moat dy persoan in sjenswize yntsjinje. Dat moat binnen 6 wiken.
- Nei 6 wiken stelle wy it definitive beslút op. De sjenswizen kinne liede ta feroaringen yn de ûntwerpfergunning. Wy jouwe per sjenswize in reaksje.
- Foldocht jo oanfraach oan de regels fan de wet? Dan stjoere wy jo in ôfskrift fan de fergunning. Wy publisearje de omjouwingsfergunning online.
Wat nedich by hokker aktiviteit?
Fia de pagina Omjouwingsfergunning fine jo aktiviteiten dêr’t jo miskien in omjouwingsfergunning foar oanfreegje moatte, of in melding trochjaan moatte.
Bygelyks as jo wat bouwe sille, asbest ferwiderje sille, wat slope sille, in beam kappe sille, of in útrit oanlizze wolle.
Myn Omjouwingsloket
Fia Myn Omjouwingsloket kinne jo;
- al jo yntsjinne fersiken ynsjen;
- fergunningsoanfragen oanfolje, wizigje of ynlûke;
- immen machtige om út jo namme in oanfraach yn te tsjinjen.
Oanfraach yntsjinne foar 1 jannewaris 2024?
Dan kinne jo in oanfulling op dizze oanfraach net fia it OLO of Omjouwingsloket yntsjinje. In oanfulling kinne jo maile nei vergunningen@leeuwarden.nl. Neam hjirby jo saaknûmer.
Beswier meitsje en berop yntsjinje
Is de fergunning ferliend? Belanghawwers kinne beswier meitsje of berop yntsjinje.
It meitsjen fan beswier is fergees.
It yntsjinjen fan berop kostet jild.
Tsjin in melding kinne jo gjin beswier meitsje of berop yntsjinje.
Fragen of help nedich?
Gean dan nei it Helpsintrum fan it Omjouwingsloket.
Dêrnei noch fragen of help nedich?
Stjoer in e-mail nei vergunningen@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.