Wat is de Omjouwingswet
Nederlân hat in soad wetten en regels foar ús leefomjouwing. Op 1 jannewaris 2024 is de Omjouwingswet yngien. Dizze wet bringt mear as 26 wetten byinoar. De Omjouwingswet giet oer hokker regels jilde yn jo omjouwing.
Wat binne de gefolgen fan de Omjouwingswet?
- Jo oanfraach wurdt yn 1 kear oan alle regels toetst. Wy wurkje in soad gear mei oare oerheden. Bygelyks de Provinsje Fryslân en it Wetterskip Fryslân. Sy hawwe har eigen regels.
- Binnen de regels is der mear romte foar ideeën en inisjativen. Bygelyks yn ‘e mande mei jo buorlju enerzjy opwekke, jo garaazje ombouwe ta in bedriuwsromte, fan in leech stik lân in spylfjild meitsje, in mole ombouwe ta kafee of kanoferhier. Fansels moat dat gjin hinder jaan foar de omjouwing. Soms binne der ek oare beheiningen dêr’tst rekken mei hâlde moatst, lykas de Natuerwet of regels foar monuminten.
By elk idee of inisjatyf moat let wurde op wat it bêste is foar oare persoanen. Bygelyks ynwenners en ûndernimmers yn de omjouwing. - Der is mear romte foar maatwurk.
- De perioade fan jo fergunningsoanfraach wurdt koarter. Foar de measte fergunningen is dit 8 wiken. En net mear maksimaal 26 wiken, lykas no it gefal is.
Omjouwingsfyzje
Yn de Omjouwingsfyzje stiet hoe’t wy as gemeente ús romte ynrjochtsje wolle. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Omjouwingsplan.
Omjouwingsplan
Yn it Omjouwingsplan stiet wat der yn jo omjouwing wol en net mei. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Omjouwingsplan.
Fragen of mear ynformaasje?
Stjoer in e-mail nei vergunningen@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.