Fluch oan:

Ien serieuze gadingmakker

Troch in útspraak fan de Hege Rie moat de gemeente by de útjefte fan grûn gelikense kânsen jouwe oan gadingmakkers. In seleksjeproseduere hoecht net as yn it foar fêst stiet oft reedlikerwiis oannommen wurde mei dat mar ien gadingmakker foar de grûn yn oanmerking komt.

De gemeente mient dat yn dit gefal de útsûnderingsregel lykas neamd yn it arrest fan tapassing is en der sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker om de folgjende reden.

C2000 kommunikaasjesysteem

Mei it ferhieren fan it oanbelangjende perseel grûn jout de gemeente Ljouwert tydlik ynfolling oan it yn stân hâlden fan it C2000 kommunikaasjesysteem foar de helptsjinsten. Dizze antenne sit op dit stuit op it gebou fan de eardere ING (poddestoel). Mei’t dizze kantoarlokaasje ferboud wurdt ta apparteminten komt dizze stjoermêst (tydlik) te ferfallen. Om’t it needsaaklik is foar de helptsjinsten om mei-inoar te kommunisearjen is dizze lokaasje as tydlike lokaasje foar dizze C2000 stjoermêst nei foaren kommen. Der moat in antenne fuortby de hjoeddeistige lokaasje oanwêzich wêze. It gemeenteperseel is dêrfoar tige geskikt.

De gemeente stelt him op it stânpunt dat de Steat let op it foargeande de iennichste serieuze gadinmakker is dy’t yn oanmerking komt foar it tydlike gebrûk fan it perseel. De gemeente is dêrom fan miening dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker.

Net iens mei it foarnimmen?

Elke oare gadingmakker dy’t fynt dat er ek foar dit rjocht yn oanmerking komme moatte soe, moat binnen 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (19 juny 2024) in koart pleit oan ’e oarder steld hawwe oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Fragen?

Ful it ‘Reaksjeformulier Grûn en Fêstgoed’ yn. It publikaasjenûmer is: 2024-134620.