Fluch oan:

De briefadresjouwer jout jo jo post

De briefadresjouwer is de persoan of ynstelling dy’t ynskreaun stiet op it briefadres. De briefadresjouwer soarget derfoar dat jo jo post krije. Bygelyks belestingformulieren of in stimpas.

Wannear freegje jo in briefadres oan?

Jo binne dak- of thúsleas

Fan 2 desimber 2024 ôf is der mei de komst fan de Centrale Toegang & Regie Maatschappelijke Opvang ien sintraal oanmeldpunt foar help by dakleazens yn Fryslân.

Jo kinne jo as jo dak- of thúsleas binne op ferskillende manieren oanmelde foar in briefadres. Gean nei de webside fan De Centrale Toegang & Regie Maatschappelijke Opvang.

Yn alle oare gefallen freegje jo in briefadres oan by de gemeente. Dat binne:

  • Jo ferhúzje binnen 3 moannen nei jo folgjende wenadres.
  • Jo wenje minder as 8 moannen yn it jier yn it bûtenlân.
  • Jo binne koarter as 2 jier yn it bûtenlân. En foar jo wurk op in skip farre dat de thúshaven yn Nederlân hat.
  • Jo wenje yn in soarchynstelling, finzenis of in bliuw-fan-myn-liifhûs.
  • Om feilichheidsredenen. Nei it oardiel fan de boargemaster.

Jo meitsje hjirfoar in ôfspraak.

Wat moatte jo meinimme as jo lânskomme?

Foar in oanmelding fan in briefadres by de Centrale Toegang & Regie Maatschappelijke Opvang, nimme jo it folgjende mei:

  • Jo legitimaasjebewiis. Dat mei in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis wêze.

Foar in oanmelding fan in briefadres fan de gemeente Ljouwert, nimme jo it folgjende mei:

  • Jo legitimaasjebewiis. Dat mei in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis wêze.
  • De briefadresjouwer komt persoanlik mei.