Ferhuzing trochjaan
Ferhúzje jo binnen de gemeente Ljouwert of út in oare gemeente wei nei de gemeente Ljouwert? Jou dit dan uterlik 5 dagen nei’t jo ferhuze binne oan ús troch. Jo kinne jo ferhuzing ek earder oan ús trochjaan. Dan kin maksimaal 4 wiken foar de datum fan jo ferhuzing.
Wa mei in ferhuzing trochjaan?
- Persoanen boppe de 18 jier foar harsels.
- Persoanen fan 16 of 17 jier foar harsels.
- Tegearrewenjende oarehelten of registrearre partners foar inoar.
- De âlder, fâd of fersoarger foar bern ûnder de 18 jier.
- Alden foar ynwenjende bern boppe de 18 jier.
- Bern boppe de 18 jier foar ynwenjende âlden.
- De kurator foar in persoan dy’t ûnder kuratele steld is.
- In persoan mei in folmacht.
Lânskomme om jo ferhuzing troch te jaan
Wolle of kinne jo de ferhuzing net digitaal trochjaan? Kom dan ûnder iepeningstiden lâns op it Gemeentehûs. Oer de telefoan kinne jo gjin ferhuzing trochjaan.
Wat moatte jo meinimme as jo lânskomme?
- Jo legitimaasjebewiis. Dat mei in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis wêze.
- Jo keapkontrakt of hierkontrakt.
- Tastimming fan de haadbewenner fan jo nije adres (yn it gefal jo by immen ynwenje sille).
Is de ferhuzing al yn it systeem setten?
Dit kinne jo sels neisjen. Log yn op MijnOverheid en sjoch oft jo ynskriuwing al yn it systeem setten is. It duorret maksimaal 3 wiken oant jo ferhuzing yn it systeem stiet.
Leaver lânskomme op it gemeentehûs?
Nim jo legitimaasjebewiis mei. Oer de telefoan jouwe wy jo dizze ynformaasje net.