Fluch oan:

Kennisjouwing fan foarnommen ferkeap fan grûn

It giet om in perseel grûn fuortby de Gibbeflecht 4 yn Mantgum, grut 35 m2, kadastraal bekend gemeente Jorwert, seksje G, nûmer 2036 dls.

De gadingmakker wol it perseel grûn brûke foar hiemútwreiding fan syn hjoeddeistige perseel.

Ien serieuze gadingmakker

Troch in útspraak fan de Hege Rie moat de gemeente by de útjefte fan grûn gelikense kânsen jouwe oan gadingmakkers. In seleksjeproseduere hoecht net as yn it foar fêststiet oft reedlikerwiis oannommen wurde mei dat mar ien gadingmakker foar de grûn yn oanmerking komt.

De gemeente is fan miening dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker, om’t it ferkochte mar oan ien wenningperseel buorret en oanmurken wurde kin as restperseel/grienstrook. Konfoarm it gemeentlik belied komt dan allinnich de direkt neistlizzende perseeleigener yn oanmerking om it gemeentlik perseel te keapjen.

Net iens mei it foarnimmen?

Elke oare gadingmakker dy’t fynt dat er ek foar dit rjocht yn oanmerking komme moatte soe, moat binnen 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (10 july 2024) in koart pleit oan ’e oarder steld hawwe oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Fragen?

Ful it ‘Reaksjeformulier Grûn en Fêstgoed’ yn. It publikaasjenûmer is: 2024-115062.