Fluch oan:

In nammeplaatsje op de pilaster fan it struifjild op it Noarderbegraafplak

Freegje skriftlik tastimming.

In grêfkelder

Jo hawwe altyd in fergunning nedich. De regels dêrfoar fine jo yn it ‘Utfieringsbeslút gemeentlike begraafplakken’.

Grêfbedekking, nammeplaatsje of grêfkelder oanfreegje

Download Oanfraachformulier grêfbedekking nammeplaatsje struifjild tinkteken PDF, 62,88 KB) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Underhâld grêfbedekking

Standert ûnderhâld

As jo grêfrjochten betelje foar in nij partikulier grêf, betelje jo automatysk mei oan it ûnderhâld fan it begraafplak. Jo betelje fia it grêfrjoch ek foar it ûnderhâld fan de eventuele grêfbedekking. Ek as jo it grêfrjocht foar in besteand partikulier grêf ferlingje, betelje jo mei oan it ûnderhâld. It ûnderhâld is dan regele fan de âlde eindatum ôf oant de nije eindatum.

Net-standert ûnderhâld

By guon grêven betelje jo net fia it grêfrjocht foar it ûnderhâld fan it begraafplak en de grêfbedekking. Dat jildt foar de grêven dy’t eartiids foar ûnbepaalde tiid útjûn binne op it Noarderbegraafplak en it Huzumerbegraafplak. Ek op de begraafplakken yn Grou, Jirnsum, Reduzum, Warten en Wergea betelje jo net altyd automatysk fia it grêfrjocht foar it ûnderhâld. Dat jildt foar de grêven wêrby’t nei 1 jannewaris 2014 noch gjin nije termyn foar grêfrjocht begûn is. By dy grêven betelje jo in apart bedrach foar it ûnderhâld.

Kosten

Underhâld grêfbedekkingen / ûnderhâldsbydrage per jier Kosten
Oergongsregeling jierbetellers foar 1989: Noarderbegraafplak € 75,85
Oergongsregeling jierbetellers foar 1989: Huzumerbegraafplak € 60,49
Oergongsregeling jierbetellers foar 2014: Underhâldsbydrage begraafplakken earder Boarnsterhim per grêf per jier € 60,49
Oergongsregeling jierbetellers foar 2014: Underhâldsbydrage begraafplakken earder Boarnsterhim per grêf per jier € 40,30
Oergongsregeling jierbetellers foar 2014: Underhâldsbydrage fan tinktekens yn earder Boarnsterhim per m2 per jier € 60,49

 

Ferskaat Kosten
Ferrjochtsjen fan wurksumheden op it begraafplak per meiwurker
Op moandei oant en mei freed tusken 08:00 en 16:30 oere per oere € 83,49
Bûten de tiden fan 08:00 oant 16:30 oere fan moandei oant en mei freed per oere € 125,25
Tinkplaatsje op pylder struifjild Noarderbegraafplak (foar 20 jier) € 318,33
Nammebuordsje op grêf (foar maksimaal de termyn fan it grêfrjocht) € 52,94
Natoerstiennen ôfdekplaat op nis yn urnemuorre (foar maksimaal de termyn fan it grêfrjocht) € 318,33
Fergunning grêfkelder € 1.900,79
Oerskriuwen fan partikuliere grêven yn in dêrfoar ornearre register per grêf € 33,05
Ferstrekken fan in duplikaatbewiis fan it rjocht ta begraven per grêf € 33,05
Gebrûk mobile lûdsynstallaasje per kear € 42,11
Ta de beskikking stellen amer sân by begraffenis € 12,50

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje fine jo ûnder it ûnderwerp ‘Ferstjerren en begraafplakken’.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Feroarderingen gemeentlike begraafplakken
  • Utfieringsbeslút gemeentlike begraafplakken
  • Feroardering Begraafrjochten